Synagoge fan Uzjhorod
De Grutte Synagoge fan Uzjhorod yn 'e Oekraïne waard op 27 july 1904 yn gebrûk nommen yn in tiid dat Uzjhorod noch by de dûbelmonargy Eastenryk-Hongarije hearde.
Grutte Synagoge | ||
Lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
oblast | Transkarpaasje | |
plak | Uzjhorod | |
koördinaten | 48° 37' N 22° 18' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Gyula Papp en Ferencs Szabolcs | |
boujier | 1904-1910 | |
boustyl | neomoarske styl | |
Kaart | ||
It neomoarske gebou waard troch de arsjitekten Gyula Papp en Ferencs Szabolcs ûntwurpen en ferfong in âlder gebou út 1794.
Yn 'e jierren 1930 wennen mear as 7.000 joaden yn 'e stêd en dat wie likernôch in tredde fan it doedestiidske ynwennertal. De joaden hiene in goede ynfrastruktuer mei bygelyks eigen skoallen en in sikehûs. Yn 1938 waard Uzjhorod by Hongarije yndield en sûnt dy tiid waarden de joaden beneftersteld.
Yn april 1944 waarden de joaden fan Uzjhorod en omkriten (likernôch 25.000 persoanen) op in fabryksterrein bûten de stêd opsluten en trije wike letter nei Auschwitz deportearre.
Alhoewol't de synagoge de ferneatigingsweach fan synagoges yn 'e Twadde Wrâldkriich oerlibbe, brûkten de Dútsers en de Hongaren de synagoge yn 'e lêste kriichsjierren as stâl. Mei de ferneatiging fan it Transkarpatyske joadedom en it ferdwinen fan de joadske mienskip yn Uzjhorod, feroare ek de funksje fan 'e nei de kriich ferinnewearre synagoge. De Sovjet-autoriteiten joegen it gebou oan it Ministearje fan Kultuur fan 'e USSR en der waard in plan makke om it gebou te renovearjen en oan te passen oan 'e funksje fan konserthal.
Nettsjinsteande protesten fan joaden, dy't út de kampen werom kamen, waard útein set mei de ferbouwing, wêrby't alle joadske symbolyk ferwidere waard. Foar it kréearjen fan in seal mei 300 plakken binne de galerijen útbrutsen en krige de glêzen koepel in dak fan tin. De stiennen tafels boppe de gevel binne ferfongen troch in lierefoarmich ornamint. Yn 2012 waard in plakette oanbrocht om de yn 'e kriich 85.000 fermoarde joaden fan 'e oblast Transkarpaasje te betinken. It doel is om de glêzen koepel wer te rekonstruearjen.
Al jierren bestiet der tusken de autoriteiten en de joadske mienskip oerlis oer it weromjaan fan it gebou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|