Syordemastate
Syordemastate, oare namen Sjordemastins, Sjursmastins, Sjoordastins, Sjordastate, Sjoerdamastate, Sjoerdastate, Sjurdema-guet, stie bewesten Kollum, gemeente Kollumerlân, eat súdwestlik fan Bootsmastate. Fan de stins/state is neat werom te finen.
Bestie al yn de 15e iuw, mar is mooglik al earder ûntstien. Sjoorda of Syordema te Kollum is in foarbyld fan in stins dy 't al ier ôfbrutsen waard.* De namme komt lykwols oerien mei dy fan in yn manlike line útstoarn laach dat yn froulike line trochlibbe yn de lettere besitters. Ek yn oare doarpen wiene sokke stinzen. **
Yn de 15e iuw komme yn Kollum meardere Sjoerda's foar. Lykas Taekie Sjursma dy't yn 1477 yn de tsjerke begroeven waard, Sybe Sjurda, meirjochter yn 1482, en Tjepcke Sjoerda. Syn goederen waarden yn 1517 ferbeurd ferklearre en oan de fjildhear Lubbert Turck jûn. Dat Tjepcke de stins bewenne docht bliken út genealogyske hânskriften dêr't yn fernijd wurdt dat Jens fan Siorda of Sjordema fan Collum, de dogter fan Tjepke Sjiorda op Sjordamastins oan de Buren mei Feyo fan Goslinga troude. Se waarden yn 1501 en 1546 yn Driezum begroeven, dêr't se op Jarichsma wenne hienen.***
Tjepcke hie blykber gjin manlike ôfkomlingen, want de state waard eigendom fan Tjepcke fan Goslinga, soan fan boppeneamd echtpear. Hy wie troud mei Anna fan Liauckama.
Yn 1543 levere Siurdema guet jierliks in ton nôt oan de prebende fan Sint-Anne; yn 1550 hienen de Bootsma's lân yn Syordema landt. De stins waard yn 1630 noch neamd, mar waard doe net mear troch de eigener bwenne. Troch Schotanus waard it hûs yn 1664 noch wol as "edele state" oanjûn. De s(t)ate fererve fan de Goslinga’s earst op de familys Liauckama, Aebinga, Bronckhorst, Burmania, Asbeck en Camstra.
Yn 1762 waard de sate mei 50 pûnsmiet lân troch Maria Alegonda fan Camstra, widdo fan Balthazar fan Ewsum, ferkocht oan Cornelis fan Scheltinga dy't sûnt 1742 eigener wie fan de neistlizzende Bootsmastate. Dy syn soan Martinus begûn op de lannen fan Sjoorda en Bootsma in bûtenpleats oan te lizzen. Dy waard lykwols net foltôge (sjoch Bootsmastate). In tiidgenoat fan Martinus romme it wòl foltôge diel fan it park in welk, sa skriuwt er, smaak en bevalligheid heerschen en het nuttige met het vermakelijke in eenen hoogen graad vereenigd is. Kronkelende beekjes, in welke het water door een kunstwerktuig in beweging gehouden wordt, doorkruisen dit heiligdom der Natuur, en brengen niet weinig toe tot vermeerdering van deszelfs vermakelijkheid. Fierders ferhellet er dat der ek eene van boomwortelen zamengestelde hermitage wie en een kunstdal, omgeven door opgeworpene heuvelen van ongelijke hoogte. Wopke Eekhoff jout yn 1847 op syn kaart de fiver it Witwater noch oan, dy't der oan herinnere, en Andreae neamt neist de fiver noch “enkele hoogten” dy't doe noch sichtber wienen.
Om 1838 stienen op it âlde stee in hûs en in skuorre, doe bewenne troch de ûntfanger Kelly.
Neffens Arnoldus Johannes Andreae lei de stins oarspronklik heech en om 1880 wie troch de gedieltlik ôfgroeven terp it stee noch goed werom te kennen.
- Eekhoff en Schotanus jouwe op harren kaart it terrein fan *Abbema ten ûnrjochte de namme Sjoorda. Sjoch Andreae, Plaatsbeschrijving, II, 133.
- Bewenners
- oant 1477 Taekie Sjursma (?)
- 1482 Sybe Sjurda
- 1517 Tjepcke Sjoerda
- Tjepcke fan Goslinga
- family Fan Liauckama
- family Fan Aebinga
- family Fan Bronckhorst
- family Fan Burmania
- family Fan Asbeck
- oant 1762 Maria Alegonda fan Camstra
- sûnt 1762 Cornelis fan Scheltinga
- Martinus fan Scheltinga
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|