Sytse Gravius (latinisearre foarm: Sixtus Gravius) (Grou?, 1635 - ?, nei 1697), wie in Frysk lânmjitter yn tsjinst fan de Steaten fan Fryslân en militêr yngenieur tusken 1667 en 1697 en yn dy funksje belutsen by de Fryske festingwurken.[1]

Hy levere ek bydragen oan Fryske almanakken oer astrology en die mei Sjoerd Ates Haacma, Broer Boelens en Martinus Frederici lânmjitwurk foar gritenijkaarten foar de atlas fan Bernardus Schotanus à Sterringa. Yn 'e mande mei Haacma hat er ek sels kaarten útjûn.

Sytse Gravius hat yn Idaerd en Grou wenne.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jeroen Salman, Populair drukwerk in de Gouden Eeuw: De almanak als lectuur en handelswaar; s. 282, 284