Sytze Faber (Skettens, 22 jannewaris 1937) is in Fryske politikolooch-bestjoerskundige, kollumnist, âld-sjoernalist en âld-politikus fan de ARP, letter fan it CDA.

Sytse Faber, 1978
Sytze Faber (midden) mei Piet Steenkamp

Libbensrin bewurkje seksje

De grifformearde Faber studearre politikology oan de Frije Universiteit Amsterdam en promovearre yn 1974 binnen de sosjale wittenskippen yn de bestjoerskunde.

Hy wurke in skoft as assistint op de fakulteit bestjoerskunde fan de Frije Universiteit Amsterdam, wie dêrnei fan 1967 oant 1977 wittenskiplik haadmeiwurker bestjoerskunde oan de Fryske Akademy yn Ljouwert en waard dêrnei lid fan de haadredaksje fan it Frysk Deiblêd en de Twadde Keamerfraksje fan it CDA. Oant 1978 wie er ek noch lid fan de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel. Yn 1985 naam er ôfskied fan it parlemint en waard boargemaster fan Hoogeveen, wat er oant 1998 bliuwe soe.

Yn syn parlemintêre perioade makke er diel út fan de AR-radikalen, de lofterkant fan it CDA. Omdat er faak oars stimde as syn politike partij kaam er te boek te stean as 'dissidint'. Yn de tachtiger jierren fersette er him ynearsten tsjin de komst fan de plande krúsraketten mar gie lang om let dochs oerstaach.

Faber hat ferskate bestjoerskundige publikaasjes (ûnder mear syn proefskrift) oer de legere oerheid skreaun, ûnder oaren oer de rol fan de boargemaster. Hy spitste dit benammen ta op Fryslân, dêr't er lang wenne en wurke hat.

Faber hat tal fan bestjoerlike funksjes beklaaid. Sa wie er bygelyks fan desimber 1996 oant oktober 2000 foarsitter fan de IKON en wie er fan desimber 2006 oant desimber 2007 foarsitter fan it Keninklike Nederlânske Skaakbûn.

Boek bewurkje seksje

Yn april 2007 ferskynde fan syn hân it boek De wet van de koestal. Dêryn die Faber ferslach fan in perioade dat er meirinne mocht mei de KristenUny-fraksje yn de Twadde Keamer. Dat spile him foarôfgeand en nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 2006 ôf. Foar de Kristen-Uny resultearren dizze ferkiezings en wat him dêrnei ôfspile yn regearingsdielname. Foar it earst yn dyn- noch koarte - skiednis soe dy diel útmeitsje fan in kabinet, it kabinet-Balkenende IV. Faber makke sadwaande de formaasjeûnderhannelingen fan tichtby mei.

Publikaasjes (seleksje) bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje