Sytze van Abbema
Sytze van Abbema (Skettens, 3 septimber 1887 - Lollum, 14 oktober 1968) wie skoalhaad yn Lollum, eareboarger fan Wûnseradiel en Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Van Abbema wie lid fan Provinsjale Steaten (1939-1941) foar de ARP en lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân (1950-1962). Hy stie bekend om syn heitlike mar faak koartswilige wize fan sprekken, dêr't de skoalmaster yn him oan te fernimmen wie.