TUK (tydskrift)
TUK is in Nederlânsk pornoblêd dat al teminsten sûnt de 1980-er jierren bestiet en him derop foarstean lit it "blootste blad van Nederland" te wêzen. It blêd biedt benammen kollumns (û.m. fan pornostjer Kim Holland), kontaktadvertinsjes mei byhearrend eksplisyt fotomateriaal, en ferhalen oer seks. Fierders binne der fotoreportaazjes oer de covergirl en oer 'bûtenseks' (d.w.s. seks bûtendoar, faak op publyk tagonklike plakken). Ek ynstjoerde brieven en foto's fan lêzers wurde ôfprinte. TUK is in moanneblêd fan sa'n 130 siden op A5-formaat, dat neffens de eigen webside te krijen is yn seksshops en "de bettere" boekhannel.
TUK | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
taal | Nederlânsk | |
sjenre | pornografy | |
frekwinsje | 1x yn 'e moanne | |
bestean | sûnt de 1980-er jierren | |
offisjele webside | ||
www.erotracks.nl/tuk |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |