Taco Schonegevel, (Dokkum, 14 septimber 1756 - dêre, 27 novimber 1819), wie in remonstrants jittikbrouwer, politikus en boargemaster fan Dokkum.

Taco Schonegevel, 1796

Syn heit Herke Schonegevel wie in jittikbrouwer, syn mem Aagje Kuijper Pietersd. kaam út Krommenie. Hy troude yn Leer, op 25 maaie 1785 mei Elisabeth de Bruin. dêr't er seis bern by krije soe. Wie lid fan de munsipaliteit fan Dokkum, fan 11 maaie 1795 oant 1796 en lid fan de gearkomst fan provisjonele represintanten fan it Volk van Friesland, fan 23 juny 1795 - 3 july 1796 Op 6 april 1796 waard er lid fan de earste Nasjonale gearkomst foar it distrikt Drachten en bleau dat oant 1 septimber 1797. Yn oktober 1802 waard Schonegevel riedslid fan Dokkum oant 1810. Fan 1811-1814 beneamd as maire fan Dokkum. Riedslid arrondissemint Ljouwert (1811 - 1813)

Oare funksjes wienen presidint kantonnale ried, kanton Dokkum (1812 - 1813) en lid fan de froedskip fan Dokkum (1816-1820). Yn 1818 waard er boargemaster fan Dokkum en soe dat bliuwe oant 1820.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: