Taiwaneeske boskmûs

De Taiwaneeske boskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus semotus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan de mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus). Dizze soarte libbet inkeld op Taiwan, dêr't er op in hichte fan tusken de 1.400 en de 3.700 m rûnom foarkomt.

Taiwaneeske boskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus semotus
Thomas, 1908
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Taiwaneeske boskmûs is it naust besibbe oan 'e Súdsineeske boskmûs (Apodemus draco), en op grûn fan morfologyske ferlikings wolle party saakkundigen hawwe dat er dêr in ûndersoarte fan is. Mei de brânmûs (Apodemus agrarius), dy't yn 'e leechlannen fan Taiwan libbet, is de Taiwaneeske boskmûs folle minder nau besibbe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.