Dorothea Adriana Maria Koen-Ketelaar (Amsterdam, 9 desimber 1925) is in earder Nederlânsk omropster dy't jierrenlang foar de NCRV wurke hat.

Tanja Koen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Tanja Koen yn 1957
Tanja Koen yn 1957
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dorothea Adriana Maria Koen-Ketelaar
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 desimber 1925
berteplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as presintatrise, omropper
medium tillefyzje
wurksum by NCRV

Ynearsten woe hja balletdûnseresse wurde, mar troch de Twadde Wrâldoarloch koe dat neat wurde. Fia har man Peter Koen kaam se ein jierren fjirtich by de radio telâne. Yn 1951 die se in screentest foar tillefyzje en waard hja omropster. Sy gie ûnder mear mei kollega-omroppers nei eveneminten en waard ek frege foar iepeningen en moadeshows.

Nei de ein fan har omropperioade yn 1962 presintearre se programma's sa as Dier en vriend en Wie wil er mijn marmotje zien. Letter wie hja panellid yn Zo Vader, Zo Zoon en die ek mei oan 'Springtrofee'.

Tanja Koen is lid fan de klub fan de ‘Gouden Meiden’, dy't 1985 troch kollega-omropster Karin Kraaykamp oprjochte is. Yn 1977 waard Koen beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.