Taylor Hayes
Taylor Hayes, echte namme: Tara Ellyn Smith (14 jannewaris 1975), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Har artystenamme hie hja ûntliend oan it personaazje mei deselde namme, spile troch Hunter Tylo, yn The Bold and the Beautiful, in Amerikaanske soapsearje dêr't Hayes as tiner oan ferslingere rekke. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34DD.
Taylor Hayes | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tara Ellyn Smith | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 jannewaris 1975 | |
berteplak | Grosse Pointe (Michigan) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1995 – 2006 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Karriêre
bewurkje seksjeHayes waard berne yn Grosse Pointe, yn 'e steat Michigan, mar brocht har middelbere-skoaltiid troch yn Teksas. Yn 1994 posearre se neaken foar de Penthouse, en yn 1995 stie se yn it neakenblêd Hustler. Koart dêrnei ferfear Hayes nei Kalifornje, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. Datselde jiers noch, op har tweintichste, makke se har debút yn in pornografyske film foar de studio VCA Pictures. Nei in pear jier foar VCA wurke te hawwen, gie se by dat label wei om ien fan 'e fêste aktrises yn 'e gonzo-pornofilms fan akteur/regisseur/produsint Seymore Butts te wurden. Yn 1997 tekene se in eksklusyf kontrakt mei de studio Vivid Entertainment, dêr't se tsientallen films foar makke. Yn totaal spile Hayes yn 88 pornofilms, foar't se har yn 2006 út 'e pornoyndustry weromloek. Dêrmei wûn se û.m. fjouwer AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), en boppedat waard se yn 2007 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.
Njonken har pornokarriêre wurke Hayes ek mei oan ferskate net-pornografyske filmprojekten, wêrûnder de soft-eroatyske film Animal Instincts III, út 'e midden fan 'e njoggentiger jierren, en de B-horrorfilm Evil Breed: The Legend of Samhain, út 2003.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1999 | AVN Award | wûn | bêste groepsekssêne (mei Mr. Marcus en Billy Glide) | Masseuse 3 |
2001 | AVN Award | wûn | bêste aktrise (film) (dield earste plak mei Raylene foar dy har optreden yn Artemisia) | Jekyll & Hyde |
XRCO Award | wûn | bêste aktrise (yndividueel optreden) | Jekyll & Hyde | |
2002 | AVN Award | wûn | bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Joey Ray) | Fade to Black |
wûn | bêste groepsekssêne (film) (mei Taylor St. Clair en Dale DaBone) | Fade to Black | ||
XRCO Award | wûn | bêste aktrise | Fade to Black | |
2007 | AVN Award | ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Taylor Hayes yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Taylor Hayes yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |