Teerûte
De Teerûte, of ek wol Tee-Hynsterûte, wie fan âlds in netwurk fan hannelsrûtes foar karavanen mûldieren hynders dy't troch it berchtme fan de provinsjes Yunnan en Sichuan yn Tibet en it súdwesten fan it Sineesk keizerryk rûnen. De teerûte wurdt ek wol oantsjut as de 'súdlike siderûte'.
De rûte foarme fan de klassike âldheid oant de lette midsiuwen in ferbining mei de earste teeprodusearjende regio's: fan Yndia oer Birma nei Tibet en sintraal Sina. De rûte waard ek brûkt troch sâltnomaden.
Takomst
bewurkje seksjeYn de 21e iuw is de erfenis fan de Teerûte brûkt foar it oanrekommandearjen fan in spoar dat Tsjengdu ferbine sil mei Lhasa. Dat ûntwerp-spoar, part fan it 13e 5-jierrenplan fan de Folksrepublyk Sina, wurdt de it Sitsjuan-Tibetspoar neamd. It sil de stêden oan de oarekant fan de rûte mei elkoar ferbine, Kangding meirekkene. De autoriteiten wolle hawwe dat it grutte foardielen opsmite sil foar it wolwêzen fan de minsken dêre.[1].
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Silk Road Foundation, The Silk Road
- Youtube-fideo oer in part fan de rûte
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |