Tejo Moerings
Tejo Moerings (Rotterdam, 8 desimber 1952 - Ljussens, 7 juny 2021[1]) wie in byldzjend keunstner út Hellevoetsluis. Neist it skilderjen en byldhouwen wurke er ek artistike projekten út, oant en mei de dekôrs. Hy skildere dêrom ek leafst yn grutte formaten.
Syn oplieding krige er ûnder oare oan de Famous Artists School foar artdirector/yllustrator yn Amsterdam. Dêr hat er ûnder oaren les fan de Amerikaanske keunstskilder en yllustrator Norman Rockwell hân.
Hy joech ek minsken mei in sosjaal-psychiatryske eftergrûn in plak yn syn atelier, sadat se 'striidberder de maatskippij yn kinne'. By syn wurken brûkte er fan alles, hy konstruearre en kombinearre in soad ferskillende materialen lykas (ôffal)timmerhout dat er dan beskildere. It einresultaat is lykwols in smel en opgeande skulptuer.
Opdrachtjouwers wienen bygelyks de NCRV en de provinsje Súd-Hollân.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |