Ternaarder Feart
De Ternaarder Feart is in feart yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De feart leit yn de himrikken fan Hantum en Ternaard.
De feart begjint by de Knibbeltsjebrêge en rint dêrnei parrallel oan de Ternaarderwei; by De Piip giet de feart ûnder de dyk troch en rint dêrnei parrallel oan de Hantumerwei nei Ternaard. Hjoed-de-dei rint de feart fan ôf de súdside fan Ternaard troch de lannen nei de westside fan Ternaard. Earder rûn dizze feart fan de súdside fan Ternaard ôf troch nei it noarden tusken de Nijbuorren en Stasjonswei nei de Opslach. By de Opslach giet de feart oer yn de Fiskbuorster Feart en in feart nei it westen.
De namme Ternaarder Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Ternaardervaart.