The Hole Truth
The Hole Truth is in komysk koart ferhaal fan it fantasysjenre, fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel is in wurdboarterij, fan hole ("gat") en whole ("hiel", "folslein"), mei deselde útspraak, want de w fan whole is stom. "The Hole Truth" klinkt dus as "The Whole Truth", wat "De Hiele Wierheid" betsjut. "The Hole Truth" soe oerset wurde kinne as "De Gatsgroulike Wierheid". It ferhaal giet oer in sinkgat dat op in dei yn it asfalt fan Milton Street ferskynt en almar grutter groeit en ferburgen djipten blykt te hawwen. The Hole Truth waard foar it earst publisearre yn it desimbernûmer fan 1986 fan it tydskrift The Twilight Zone Magazine. It ferhaal waard yn 1996 werpublisearre yn 'e bondel ferhalen en essays Dreamweaver's Dilemma, en jitris yn 2012 yn Proto Zoa, in ferhalebondel yn 'e foarm fan in e-boek.[1]
The Hole Truth | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1986 | |
oarspr. útjwr. | The Twilight Zone Magazine | |
bondel | Dreamweaver's Dilemma Proto Zoa |
Ynhâld
bewurkje seksjeOan 'e ein fan 'e winter, as it iis einlings en te'n lêsten fan 'e strjitten ferdwynt, wurdt dúdlik dat der yn Milton Street in gat yn it asfalt sit. It is in baas gat, en as Waldo Simpson der mei syn auto sûnder euvelmoed trochhinne riidt, kostet dat him de skokbrekkers oan syn beide foartsjillen. In pear wiken letter, as de temperatuer safierhinne opwaarme is dat men wer putsjes bûtendoar om 'e hûs hinne dwaan kin, komme ek oare buorlju om nei it grutte gat te sjen, lyk by Bill Pointer foar hûs. As Harold Krieger der in grouwe tûke yn stekt dy't by in winterstoarm fan in beam yn syn eftertún waaid is, ferdwynt it ding folslein yn it gat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Om't je wol mei de auto fêst komme kinne te sitten as je mei in tsjil yn it gat ride, set Krieger der in folle jiskepûde op. Pointer wiist der lykwols op dat dy by nacht frijwol net te sjen wêze sil. Hy is bang dat immen de pûde stikken ride sil, mei as gefolch dat de strjitte by him foar hûs fol komme sil te lizzen mei stjonkend ôffal. Krieger moat him gelyk jaan, mar as er de jiskepûde wer fan it gat besiket te tillen, sit it ding fêst. Deroan te skuorren soarget der allinne mar foar dat de pûde iepen driget te brekken, en as Krieger it ding wer loslit, ferdwynt it yn it gat. Krieger en Pointer ornearje dat it in djip sinkgat wêze moat. Logyskerwize, sa riddenearret Krieger, moat der guod yn smiten wurde om it ticht te krijen.
Dat, de bewenners fan Milton Street sette útein mei it dumpen fan alderhanne âlde rommel yn it gat, grou ôffal dat se nea kwytkinnen hawwe op 'e gemeentlike jiskebult sûnder derfoar te beteljen. Mar hoefolle oft se ek yn it gat smite, it liket inkeld grutter te groeien. It bestean fan it sinkgat seit gau fuort, en al rillegau komme der lju út oare strjitten en buerten om harren grou ôffal yn it gat op Milton Street te dumpen. Nei ferskate kearen skille te wêzen komt de plysje del, dy't it gat ris oereaget en letter dy deis weromkomt om der in pear read-wytferve seachbokken omhinne te setten. Uteinlik komt der ek immen fan 'e gemeentlike bûtentsjinst del. Ta ôfgriis fan 'e bewenners fan Milton Street sjocht dyselde yn it sinkgat de oplossing foar it probleem dat de stêd hat om in gaadlike lokaasje foar in nije jiskebult te finen.
It komt lykwols net safier, want aldergeloks begjint it gat út himsels wer te krimpen. Dat proses giet folle hurder as it groeien, en binnen in etmel is der eins suver neat fan oer. De bewenners fan Milton Street litte in sucht fan ferlichting slûpe. Mar dêr binne se te betiid mei, want in pear dagen letter komt it gat werom, hommels en yn folle grutte. Dan fljocht alle troep der wer út dy't der earder yn smiten is, oant Krieger syn jiskepûde en de tûke fan 'e beam oan ta. Dêrnei fljocht der oar spul út it gat, dingen dy't de bewenners fan Milton Street noch nea sjoen hawwe. Bill Pointer is de earste by wa't dan it besef trochkringt dat it gat gjin sinkgat is, mar in poarte nei in oare diminsje, en dat Milton Street no net inkeld it eigen ôffal weromkrigen hat, mar it ôffal fan oaren deropta.
Oersettings
bewurkje seksjeThe Hole Truth waard yn 2003 oerset yn it Russysk ûnder de titel Istina v Dyrje (alternative titel: Provaliťsja Nam na Etom Mjestje), troch T. Čerjezova.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|