Thelma Todd (Lawrence (Massachusetts), 29 july 1905 - Los Angeles (Kalifornje), 16 desimber 1935) wie in Amerikaansk aktrise.

Thelma Todd
akteur
Thelma Todd yn Corsair
Thelma Todd yn Corsair
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thelma Alice Todd
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 july 1905
berteplak Lawrence
stoarn 16 desimber 1935
stjerplak Los Angeles
jierren aktyf 19261935
Buster Keaton, Thelma Todd en Jimmy Durante yn Speak Easily (1932)

Todd koe goed leare en woe ynearsten learares wurde, mar nei't se meidien hie oan skientmewedstriden en yn 1925 de titel "Miss Massachusetts" wûn, waard se bekend. Rillegau dêrnei krige se rollen yn films.

Yn de stomme film gie it fral om har úterlik. Har rollen wiene te lyts om te bewizen dat se ek goed aktearje koe. De kâns om dat sjen te litten krige hja doe't Hal Roach har in kontrakt joech by de opkomst fan de lûdsfilm. Se spile doe neist grutte stjerren lykas Harry Langdon, Charley Chase en Laurel en Hardy yn films. Ek krige se de haadrol yn in rige koartswillige films mei ZaSu Pitts en Patsy Kelly.

Todd waard ien fan de bekendste komediënnes en wie no ek njonken ûnder oaren Wheeler & Woolsey, Buster Keaton, Joe E. Brown en The Marx Brothers te sjen. Se liet lykwols sjen dat se ek goed wie yn it drama en krige positive kritiken foar har rol yn The Maltese Falcon (1931). Se hie in soad súkses as aktrise en spile yn mear as 130 films.

Thelma Todd stoar yn de âldens fan 29 jier. Op 16 desimber 1935 waard hja dea fûn yn in auto yn de garaazje fan aktrise Jewel Carmen. De offisjele reden fan har dea wie koalmonoksidefergiftiging.

De nacht foar har dea wie se op in feest fan Stanley Lupino. Dêr krige se spul mei har eks-man Pat DeCicco dy't yn it ferline al froulju slein hie. Hy soe Todd ek deadien hawwe. Freonen seine lykwols dat se de hiele jûn fleurich wie en dat se harsels faaks te koart dien hie.

De plysje fan Los Angeles sei dat har dea in ûngemak wie, mar ek har eardere freon Roland West bleau fertocht. Hy soe har opsluten hawwe yn de garaazje. In oare teory wie dat Todd de motor oan stean liet om harsels waarm te hâlden en dat se doe yn 'e sliep fallen wie.

Der waard ek grute dat gangster Lucky Luciano har fermoarde hat nei't er Todd frege hie oft er yllegale aktiviteiten yn har klup útfiere mocht. Todd gie der net op yn hy soe dêrom wraak naam hawwe wolle. Hoewol't der gjin bewiis is dat Luciano dy nacht yn Los Angeles wie, tochten in soad minsken dat hy de dieder wie.

Filmografy (karút)

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje