Thomas Wright Blakiston (Lymington, Hampshire, 27 desimber 1832San Diego, Kalifornje, 15 oktober 1891) wie in Ingelsk ûntdekkingsreizger en natuerûndersiker.

Thomas Wright Blakiston

Libben en wurk

bewurkje seksje

Blakiston wie in soan fan boargemaster Major John Blakiston, de twadde soan fan Sir Matthew Blakiston, 2e Baronet. Jane, dochter fan dûmny Thomas Wright, rektor fan Market Bosworth, Leicestershire wie syn mem. Blakiston ferkende it westen fan Kanada op de Palliser-ekspedysje tusken 1857 en 1859 (Hy ferneamde dêr in pear marren nei de Ingelske naturalist en ûntdekkingsreizger Charles Waterton, de Waterton Lakes).
Yn 1861 fear er de rivier de Jangtse yn Sina op, fierder as hokker oare westerling foar him dien hie. De neifolgjende perioade fan syn libben hâlde er yn Japan ta en waard ien fan de meast wichtige naturalisten yn dat lân.
Hy ferfarre yn 1885 nei de Feriene Steaten. Blakiston stoar yn de âldens fan 58 jier oan in pneumony yn oktober 1891 doe’t er yn San Diego, Kalifornje wie en kaam te hôf yn Kolumbus, Ohio.

Blakiston wie de earste dy't it opfoel dat de bisten op Hokkaidō, Japansk noardlike eilân, besibbe wienen oan soarten yn noard-Aazje, wylst dy fan it súdlike eilân Honshū besibbe wienen oan soarten fan Súd-Aazje. De Strjitte fan Tsugaru tusken de beide eilannen wie dus in biogegrafyske grins en waard ferneamd as "Blakiston's Line".

Blakiston fûn in beskate ûlesoarte yn Hakodate, Japan yn 1883. De soarte waard letter beskreaun troch Henry Seebohm dy't de ûle, dy't ta de oehoes rekkene wurdt, Blakiston's Fiskûle (Bubo blakistoni) neamde.

Blakiston boaske mei Ann Mary yn 1885, dochter fan James Dunn en in suster fan Edwin Dun. Sy krigen in dochter en in soan. Ann Mary oerlibbe him 46 jier en stoar yn Ingelân yn maart 1937.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: