Thomas Rowlandson
Thomas Rowlandson (Londen, july 1756 – dêre, 22 april 1827) wie in Ingelske keunstskilder en karikaturist.
Rowlandson studearre oan de Londenske Royal Academy of Arts en yn Parys. Letter jierren makke er ferskate reizen troch Europa, dêr't in soad tekenings fan oerbleaun binne (Naples and the Campagna Felice … ,1815). Rowlandson makke yn it earstoan portretten en lânskippen, mar dêrnei sette er ûnder ynfloed fan James Gillray en Henry William Bunbury útein mei it skilderjen fan karikaturen, dy't tige wurdearre waarden en dêr't in protte fraach nei wie.
Yn Poetical Magazine fan útjouwer Rudolph Ackermann (letter ek yn boekfoarm) ferskynden in protte fan syn kleurakwatinten, yllustraasjes by teksten fan William Combe lykas The Three Tours of Dr. Syntax (1809, 1812–21), The English Dance of Death, 2 dln. (1815–16)] en The Dance of Life (1817). De yllustraasjes by Microcosm of London (1808) makke er tegearre mei Augustus Charles Pugin, dy't arsjitektuerôfbylden foar syn rekken naam. Ingelske blêden drukten en ferspraten syn karikaturen en syn tekeningen yllustrearren boeken fan Henry Fielding, Tobias Smollett, Oliver Goldsmith en Laurence Sterne. Rowlandsons eroatysk-pornografyske ôfbylden binne ek no noch populêr by de leafhawwers.
Rowlandson stoar nei in lang siikbêd op 21 april 1827.
Wurk (priuwke)
bewurkje seksje-
The Concert, nei 1812
-
The Modern Pygmalion, nei 1812
-
Stolen Kisses
-
Goodbye
-
Washing Day
Literatuer
bewurkje seksje- Robert R. Wark, Drawings by Thomas Rowlandson in the Huntington Collection, San Marino, CA 1975, ISBN 0-87328-065-2
- A. P. Oppé, Thomas Rowlandson. His Drawings and Watercolours (1923), redaksje Geoffrey Holme, útjouwer The Studio, Limited, Londen
- The English dance of death. Ackermann's Repository of Art, Londen 1816 (Digitaal)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thomas Rowlandson fan Wikimedia Commons. |