Three-ality

(Trochferwiisd fan Three-Ality)


Three-ality wie in Fryske popgroep en wie aktyf tusken 2002 en 2012. Three-ality begûn ûnder de namme Flat out mar nei it festival Liet is de groep fierder gien ûnder de namme Three-ality. Yn 2009 brocht de groep it album 't Minne út.

Vektor
band
f.l.n.r.: Sanne, Maeike en Femke as Three-ality
f.l.n.r.: Sanne, Maeike en Femke as Three-ality
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Nederlânsk & Frysk
sjenre Pop
bestean 2002 - 2012
prizen Liet (2002)
leden
Maeike Sijtsma
Femke Hoeksma
Sanne Hoeksma

Yn 2002 wûn Three-ality de sjuerypriis en publykspriis by it Fryske sjongfestival Liet, doe noch ûnder de namme Flat out. Doe't der noch in band blykte te wêzen mei de namme Flat out waard de namme feroare yn Three-ality. Dêrnei folge ek in earste plak op it streekfestival fan Nederlân. Nei in toernee mei Nynke Laverman en De Kast dienen se mei oan in troch Leoni Jansen organisearre teatertoernee troch Nederlân mei as titel " Made in Holland".

Maeike Sijtsma, Sanne Hoeksma en Femke Hoeksma kamen yn 1995, se wienen doe sawat fyftjin jier, mei elkoar yn de kunde yn in bernekoar. Se binne dêrnei net ophâlden te sjongen. Under de namme Three-ality, in gearfoeging fan trije en realiteit waard it serieuzer. Produsint Onno Krijn (man fan Leoni Jansen) joech de oanset ta in modern pop-/wrâldmuzykalbum mei Nederlânsktalige lietsjes út de Midsiuwen. It album 't Minne sit ek fol mei ûndogenske teksten en is in kombinaasje fan âlde en nije teksten en ynstruminten. Nei it hommels ferstjerren fan Maeike Sijtsma, yn 2012 foel de groep útinoar.

  • 2007: Simmer yn Fryslân - mei Remon de Jong
  • 2007: Winter mei dy
  • 2010: Emosjoneel fan dy - op "In Friesk earbetoan oan Bob Dylan" (CD en DVD)
 
hoes fan it album 't Minne

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: