Maeike Sijtsma
Maeike Sijtsma (Boxtel, 21 juny 1983 – Stiens, 5 oktober 2012) wie in Frysk sjongster, dy't yn 2002 mei de groep Three-ality it Frysk songfestival Liet wûn. Letter wurke se gear mei û.o. Syb Van der Ploeg, Twarres en Iris Kroes. Se liek in gâns ûnthjittende karriêre temjitte te gean oant se yn 2012 mei 29 jier hommels kaam te ferstjerren.
Maeike Sijtsma | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maeike Sijtsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 juny 1983 | |
berteplak | Boxtel (Noard-Brabân) | |
stoarn | 5 oktober 2012 | |
stjerplak | Stiens | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | popmuzyk, folksmuzyk | |
sjongtaal | Frysk e.o. | |
jierren aktyf | 2002 – 2012 | |
prizen | Liet 2002 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeSijtsma waard yn 1983 yn Fryslân berne en begûn al jong mei sjongen. Mei Femke Hoeksma en Sanne Hoeksma siet se sûnt 1995 op in bernekoar, en trijeresom wûnen se yn 2002 ûnder de namme Flat Out! mei it liet Fûgelfrij op it Frysk songfestival Liet sawol de priis fan 'e faksjuery as de publykspriis.
Neitiid neamden Sijtsma-en-dy de groep om ta Three-ality, om't der bûten Fryslân al in band mei de namme Flat Out! bliek te bestean. As Three-ality wûnen de fammen it earste plak op it streeksongfestival fan Nederlân. Nei in toernee mei Nynke Laverman en De Kast dienen se mei oan in troch Leoni Jansen organisearre teatertoernee troch Nederlân mei as titel Made in Holland. Yn 2009 brochten Sijtsma-en-dy ûnder begelieding fan muzykprodusint en arranzjeur Onno Krijn (de man fan Leoni Jansen) it album ’t Minne út, mei lieten út 'e fyftjinde iuw dy't yn guon gefallen op tradisjonele, mar yn oare gefallen op moderne wize songen en muzikaal begelaat waarden.
Njonken har wurk mei Three-ality wie Sijtsma ek as eftergrûnsjongster aktyf foar û.m. Twarres en Iris Kroes. Fan 2009 ôf ferfong se boppedat Janna Koussios as lead-sjongster fan 'e Fryske band SoulDada, nei't se earder al as ynfalster meiwest hie op toernee yn Súd-Afrika. Ein 2011 ferskynde it album Oer de Grins, wêrfan't de lieten basearre wiene op de ûnderfinings fan 'e bandleden yn Súd-Afrika, en songen waarden yn it Afrikaansk, Frysk, Ingelsk en Frânsk. Oer de presintaasje fan Oer de Grins, dy't de foarm fan in konsert hie dat holden waard yn Ljouwert, wiene de resinsinten fol lof.
Op 5 oktober 2012 kaam Maeike Sijtsma yn Stiens hommels te ferstjerren, doe't se in oerhaal krige. Hja waard net âlder as 29 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |