Tidde Wyneda of Tydde Wynnelde (sa't er yn in dokumint út 1413 neamd wurdt) wie in Reiderlanner haadling yn 'e tiid fan 'e partijskippen tusken de Skieringers en Fetkeapers.

Biografy bewurkje seksje

Tidde Wyneda spile yn de jierren om 1413 hinne in rol fan betsjutting yn de striid tusken Skieringers en Fetkeapers. Tidde Wyneda stie oan 'e kant fan de Emder proast Hiske Abdena en de Skieringers, dy't om dy tiid hinne út 'e kuststreek ferjage waarden.

Troch in pear tsjûgen yn 1565 waard Tidde Wyneda - troch har as Tidde Winnengha oantsjut - ferantwurdlik hâlden foar it ûntstean fan de Doalert, sa't dat by harren âlden en foarâlden al bekend west hie. Hy soe in regint of meiregint fan Reiderlân west hawwe en hie in soad lân. Troch de bewenners oansprutsen om de diken te reparearjen, antwurde er dat er net earder wolde dycken, ear 't de floet in speetse hoghe oer syn landt solde loepen.

Tidde Wyneda hat nei alle gedachten wenne yn de Tydwyneda boarch yn Wynedaham. Dy boarch wurdt yn twa ferdraggen mei de jiertallen 1391 en 1420 neamd en stie yn de buert fan it plak dêr't de Tsjamme en de Reider Ie byinoar kamen, nei alle gedachten yn de omkriten fan Nije Steatesyl. Dat plak waard noch yn 1620 as Winingaham oantsjut. Dêrneist hie Tidde lân yn de omkriten fan de Punt fan Reide. Neffens de oerlevering brocht er syn neidagen troch yn it kleaster Palmar, dêr 't er as ferearme kostgonger opnommen wie.

Neisieten fan Tidde Wynedda bedarren nei alle gedachten it Oldambt. Yn 1441 en 1454 wurdt in Aijlko Wijngen te Eexta neamd; in dochter troude neffens oerleveringen mei de stamheit fan de famylje Huninga. Ek de famylje Tiddinga waard mei Tidde's neilittenskip yn ferbân brocht; neffens de kronykskriuwer Eggerik Beninga ûntstie de Doalert trochdat de Tidinge neilitten hiene har diken te reparearjen. Oare leden fan de famylje Weynga wennen yn Scheemda en Woldendorp.

It ferhaal fan Tidde Winnengha is besibbe oan oare, typysk Nederlânske folksferhalen, mar is oanmerklik âlder as syn measte tsjinhingers. In fariant komt foar yn de Prophecye fan Jarfke út 1597, dêr't de ambtman fan it Wold-Oldambt, 'Aysso Phebekens tho Wartum' († 1589), dy rol tabedield krijt.

Neitins bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: