Timoreeske pappegaaido

De Timoreeske pappegaaido (Treron psittaceus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Timoreeske pappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron psittaceus
Temminck, 1808
IUCN-status: bedrige

De do is likernôch 28 sm lang en meast griisgrien fan kleur. Op 'e kiel en boppesturtdekfearren is it grien helderder. De dekfearren fan 'e wjukken binne griisswart mei ljochtgiele rannen. De búk en de ûndersturtdekfearren binne wyt mei griene markearings. De sturt is griis mei in donkere bân en hat griene sintrale stjoerfearren. Om it each is in blaugriene eachring, de snaffel is wyteftich, dof blaueftich en de poaten binne donker pearsread. It wyfke hat minder sprekkende kleuren.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt allinne op Timor en de eilannen Semau en Roti foar. De fûgels libje yn tropyske wâlden en sekundêr bosk yn leechlân en heuvellân oant 1000 m boppe seenivo.

Yn 'e 20e iuw is der in soad bosk kapt yn East-Timor. De wâlden dy't der noch stiene of wer plante wiene, waarden ûnder it Yndoneezysk bewâld tusken 1975 en 1999 wer foar in grut part ferneatige. Fan 'e tropyske West-Timoreeske wâlden is hjoed-de-dei noch mar sa 4% oer. Mei't de lêste tropyske wâlden fan West-Timor faak yn brân stutsen en jimmeroan lytser wurde, ferliest de Timoreeske pappegaaido syn lêste biotoop op West-Timor. De measte fûgels fan 'e soarte libje yn East-Timor, dêr't yn it Nino Konis Santana National Park noch in pear hûndert Timoreeske pappegaaidowen fleane.

De fûgel komt yn groepen fan somtiden tsientallen fûgels foar yn beammen mei ripe figen.

De Timoreeske pappegaaido hat in beheind ferspriedingsgebiet, boppedat is it ferspriedingsgebiet fragmintearre. BirdLife Internatinal rûsd it tal fûgels fan 'e soarte op 660 oant 2000 folwoeksen fûgels. Earder wie de ûntbosking de grutste bedriging fan 'e fûgel, mar hjoed-de-dei feroarsaket neffens BirdLife International de yntinsive jacht op 'e fûgel de grutste bedriging. De Timoreeske pappegaaido sit op it eilân Roti al tsjin de status útstoarn oan. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN op 'e Reade list as 'bedrige' klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: