Titan Books
Titan Books, of ek wol de Titan Publishing Group, is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn 'e Londenske buert Bankside. It bedriuw waard yn 1981 oprjochte, en is ûnderdiel fan 'e Titan Entertainment Group, dy't ek de eigner is fan Titan Magazines, in útjouwerij fan tydskriften.
Titan Books | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 1981 | |
mem | Titan Entertainment Group | |
offisjele webside | ||
titanbooks.com |
Titan Books leit him benammen ta op it útjaan fan boeken op in stikmannich mêden:
- romans dy't basearre binne op films en tillefyzjesearjes;
- neislachwurken op it mêd fan films;
- grafyske romans en strips;
- science fiction- en fantasyromans.
De útjouwerij is benammen tige sterk op it terrein fan grafyske romans, en hat datoangeande in fûnskatalogus fan mear as 1.000 titels, wêrûnder grutte nammen as Batman, Doctor Who, Family Guy, Superman, The Simpsons, Star Wars, Teenage Mutant Ninja Turtles, Transformers en World of Warcraft.
Titan publisearret fierders ek coffee table books oer ûnderwerpen as animaasje, popkultuer, foarwerpen dy't sammele wurde kinne, en fantasykeunst.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |