Tjeerd Halbes
Tjeerd Halbes (Bakkefean, 8 desimber 1748 - De Lemmer, 1 augustus 1800) wie in Frysk politikus.
Biografy
bewurkje seksjeHy wie in soan fan Halbe Tjeerds en Tetske (Teatske) Reinders. Tjeerd syn heit wie lânbouwer, keapman en feanbaas yn Bakkefean. Sels wied er eigener fan lân en huzen (û.o yn Duerswâld). Yn 1771 boaske er op De Lemmer mei Acke Feikes; sy stoar om 1791 hinne. Syn twadde frou wie A.T. Schultetus. Tjeerd Halbes wie heit fan fiif bern.
Nei it ta stân kommen fan de Bataafske Republyk yn 1795 waard er fan 13 augustus fan dat jier ôf lid fan de provisjonele representanten fan it Volk van Friesland. Fan 1 jannewaris 1796 ôf wied er lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân en fan 29 april 1796 oant 1 septimber 1797 wie er lid fan de Earste Nasjonale Gearkomste foar it distrikt Balk.
Teffens wie er fan 30 jannewaris 1796 lid fan de kommisje dy't it hâlden en dragen fan alle amtners en betsjinners ûndersocht.
Literatuer
bewurkje seksje- Simon Schama, Patriotten en Bevrijders, Revolutie in Nederland 1780-1830, Collins, HarperCollins, New York, 1977, 745 siden, ISBN 0-00-216701-8