Tjitte Bonnema (Frjentsjer, 23 maart 1975) wie in aktyf keatser fan 1993 oant 2008 út Tsjummearum. Omt er út kaam foar de CFK hat er nea de Freuepartij keatst. Nei de fúzje mei de KNKB kaam hy út foar Tsjummearum op dit junioarebûn. Mei Reinoud Monsma en Peter Zuidema wûn er de partij yn 1993 en 1994. Spile letter ûnder oare mei Johan Abma, Daniël Iseger, Simon Minnesma en Folkert van der Wei.Waard ien kear kening en helle 206 punten yn it ivich keatsklassemint.

Prizen bewurkje seksje

  • 1993 Jong Nederland / NK junioaren 1e priis
  • 1994 Jong Nederland / NK junioaren 2e priis
  • 1997 PC 3e priis
  • 1998 PC 3e priis
  • 2002 PC 3e priis
  • 2004 Bûnspartij senioaren / NK 3e priis

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: