Tobias Lewenstein
Tobias Tuvia Lewenstein (Paramaribo, 26 novimber 1863 - Montreux, 22 oktober 1952) wie in opperrabbyn fan Joadske mienskippen yn Nederlân, Denemarken en Switserlân oan de ein fan de 19e en it begjin fan de 20e iuw.
Tobias Lewenstein | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 26 novimber 1863 | |
berteplak | Paramaribo | |
stoarn | 22 oktober 1952 (88 jier) | |
stjerplak | Montreux, Switserlân | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Rabbyn | |
aktyf as | Opperrabyn yn Ljouwert (1895-1899) Opperrabyn fan Denemark (1903–1910) Opperrabyn IRGZ Zürich (1912–1940) | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy waard berne yn Paramaribo, Suriname, as soan fan Mozes Judah Lewenstein (1829-1864) en Francisca Fransje Fradche Koetser (b. 1839). Syn heit wie opperrabbyn fan Paramaribo. Nei de dea fan syn heit yn 1864 gie it gesin Lewenstein werom nei Leien yn Nederlân om by de suster en omke fan syn mem te wenjen. De húshâlding ferhuze letter nei Amsterdam dêr't Lewenstein syn rabbinale stúdzje begûn oan it Nederlands Israëlietisch Seminarium foardat er studearje soe oan it Hildesheimer Rabbinerseminar zu Berlin en dêrnei promovearre oan de Universiteit fan Halle yn Dútslân. Yn 1895 kaam er werom nei Nederlân om as opperrabbyn fan de Joadske gemeente Ljouwert te tsjinjen en dêrnei, yn 1899, waard er opperrabbyn yn De Haach.
Op 1 maaie 1903 waard er troch de Kopenhaachske Mienskip fan it Mozaysk Lieauwe keazen om David Simone op te folgjen as opperrabbyn fan Denemarken. Syn amtstermyn wie striderij oer fanwegen syn ferset tsjin ûnder oaren it ynterreligieuze houlik, it tastean fan bekearing fan bern berne út joadske heiten en net-joadske memmen, en dielnimming oan in Deenske oekumenyske nasjonale gebedstsdei. Hy waard op 18 jannewaris 1910 út syn funksje ûntset. Omdat it kontrakt fan Lewenstein sei dat de posysje in libbenslange oanstelling wie, late syn ûntslach ta in juridyske striid dy't úteinlik by it Deenske Heechgerjochtshof bedarre. Uteinlik waard Lewenstein yn 1912 80.000 DKK (gelyk oan 4.262.937 DKK yn 2007) takend.
Yn 1912 waard Lewenstein opperrabbyn fan de Israelitische Religionsgesellschaft Zürich (IRGZ), in ortodokse mienskip yn Zürich, Switserlân, dy 't him yn 1898 ôfsplitst hie fan de Israelitische Cultusgemeinde-mienskip. Hy bleau dêr opperrabbyn oant 1940. Fan 1919 oant 1923 wie er ek presidint fan Wrâld Agudath Israel. Yn 1945 kaam er in skoft werom nei De Haach om de Nederlânske Joadske mienskip te helpen by de weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch.
Yn 1895 boaske Lewenstein mei Flora Frumet Møller (1873–1945), dochter fan Alexander Møller en Therese Telzche Heymann.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|