Tolstojanen
De Tolstojanen (Russysk:Толстовцы, Tolstovtsji) binne neifolgers fan de filosofyske en religieuze ideeën fan de Russyske romanskriuwer en tinker Lev Tolstoj (1828 - 1910). Tolstoy's fyzjes waarden foarme troch yngeande stúdzje fan de wurden fan Jesus Kristus yn de evangeeljes, benammen de Berchrede. De Tolstojanebeweging is stifte troch Tolstoj syn bêste freon en fertrouwensman, Vladimir Tsjertkov (1854-1936). Tolstoi sels hat him altyd fersetten tsjin it ynstitúsjonalisearjen fan syn lear.
Sy neame harsels kristenen, hoewol't sy ôfskied naam hawwe fan oare foarmen fan kristendom. De Tolstojanen rjochtsje harren op de lear fan Jesus as in minske mei in spesjale geastlike bân mei God, ynstee fan him te sjen as de Soan fan God.
Sy nimme gjin diel oan en bemuoie harren net mei bestjoerlike- en wrâldske saken, dy't hja as ymmoreel en korrupt beskôgje. Dat hja kinne technysk sjoen wurde as anargisten, hoewol't net alle Tolstojanen harsels sa neame. In protte minsken beskôgje har as kristen anargisten omdat sy God allinne as gesachhawwend erkinne. Tolstoy's ideeën hawwe wol wat ynfloed hân op it anargistysk tinken en dan fral op it Anargo-pasifisme.
Sy wurde sjoen as kristen pasifisten en ferdigenje absolute geweldleazens yn alle omstannichheden, ek yn gefal fan selsferdigening. Sy basearje harren op Kristus syn geboden sa as 'kear de oare wang ta' en 'haw dyn fijannen leaf'. Mahatma Gandhi hantearre deselde strategy, beynfloede troch Tolstoj, by it oplossen fan skelen en konflikten mei de Britten yn India. Fanwegen harren leauwe hâlde Tolstojanen harren oan in fegetarysk of in feganistysk dieet.
De earste Tolstojanen krigen swierrichheden mei it Tsaristysk regear en letter noch mear mei de Bolsjewistyske. Om 1930 hinne moasten in soad Tolstojanen útwike nei Sibearje om oan likwidaasje, as wiene hja kûlakken, te ûntkommen, mar Stalin's plysje arrestearre se dochs en stjoerde harren nei wurkkampen yn de jierren fan 1936 oant 1939.
De ideeën fan it Tolstojanisme hawwe yn de earste helte fan de 20e iuw in sterke ynfloed hân op yntellektuelen sa as Pierre Ramus, John Ruskin en op de Israelyske kibboets-beweging. Oaren sjogge de Tolstojanen as wrâldfrjemde idealisten. Fan kristlike kant kaam krityk op it tolstojaanske rjochtsnihilisme fan Vladimir Solovjov.[1]
Yn Fryslân
bewurkje seksjeOm 1900 hinne wie de ynfloed fan Tolsoi yn Fryslân ek grut. Syn radikaal kristendom spruts in protte frijsinnige predikanten oan. In part besocht it yn it koloanjelibben, oaren waarden fegetaarjer. Ek guon sosjalisten namen it gedachteguod fan Tolstoi oer (L. A. Bähler, Vitus Bruinsma, Anne de Koe, S. C Kijlstra, J. Sevenster, G. S. Stellingwerf-Jentink).[2]
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tolstoyans fan Wikimedia Commons. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Review of Memoirs of Peasant Tolstoyans in Soviet Russia., William Edgerton, ed.
- Tolstoy's Legacy for Mankind: A Manifesto for Nonviolence, Part 1
- Tolstoy's Legacy for Mankind: A Manifesto for Nonviolence, Part 2
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|