Atta
(Trochferwiisd fan Tolva)
In Atta (letterlik: beëdige) is in offisjele en fêste tsjûge by de Aldfryske rjochterlike proseduere.
De atten waarden keazen troch de gemeente dêr't it gerjocht territoariaal foech hie. Se waarden nei harren oantal (12) en wol tolva neamd en joegen tsjûgenis by mearderheid fan stimmen. By spesjale ferbannen kamen bysûndere atten foar: dyk-atten en syl-atten. Yn de grevetiid (oant ± 1200) is de atta belêste mei de skou fan diken en silen. Neffens it jonge skouterjocht lei hy in ferklearring fan wanwurk oan in syl ôf. Letter hie er in taak by de skou fan binnendiken fan Wymbritseradiel.
Yn de Saksyske tiid wurdt de atta ta doarpsrjochter, yn it earstoan troch de yngesetenen keazen, letter troch de grytman beneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|