Tomastsjerke (Hidaard)
De Tomastsjerke yn Hidaard is in tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Wommels-Hidaard. De tsjerke wurdt regelmjittich brûkt foar tsjerketsjinsten.[1]
Tomastsjerke | ||
bouwurk | ||
De tsjerke yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Hidaard | |
adres | Buorren 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1873 | |
arsjitekt | J.A. Tuinenga | |
boustyl | Eklektisistysk | |
offisjele webside | ||
Side PKN Wommels-Hidaard |
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke is de tredde tsjerke fan Hidaard. De earste tsjerke soe yn it jier 1303 boud wêze en waard yn 1508 ferfongen troch nijbou. De tsjintwurdige tsjerke waarde yn 1873 neffens in ûntwerp fan J.A. Tuinenga boud. It tuorke boppe de westlike gevel hat in achtsidige spits mei laaien.
Ynrjochting
bewurkje seksjeBy de restauraasje fan de tsjerke waard de grêfsark fan de lêste abt fan it sistersjinzerske kleaster Blomkamp fûn. Tomas fan Grins ferstoar op 3 augustus 1599 en waard yn it koer fan de tsjerke begroeven. Syn sark krige nei it weromfinen in steand plak yn de tsjerke. Jan Murk de Vries makke yn 1965 it doopfont fan de tsjerke.
Oargel
bewurkje seksjeIt ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal datearret fan 1935 en waard troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|