Jacobitsjerke (Wommels)
De Jacobitsjerke is in protestantsk tsjerkegebou yn Wommels. Tegearre mei Hidaard foarmet Wommels Protestantske gemeente Wommels-Hidaard.
Jacobitsjerke (Wommels) | ||
bouwurk | ||
De Jacobitsjerke yn 2022 | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Wommels | |
adres | Terp 19 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | skip: begjin 16e iuw toer: 1862 Restauraasje yn 1972 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21569 | |
offisjele webside | ||
PKN Wommels-Hidaard |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Jacobitsjerke wie fan oarsprong wijd oan Jakobus de Meardere. Fan de âlde 13e-iuwske tsjerke fan dowestien binne resten fan dy stien yn de tsjintwurdige tsjerke werom te finen. Om 1500 hinne waard de tsjerke nei in brân op 'e nij boud. It koer is likernôch 30 jier jonger as it skip.
De sealtektoer fan de tsjerke waard yn 1862 ferfongen troch de hjoeddeiske toer mei in spits. Fan de âlde toer is it ûnderste diel en de eastlike muorre oant de daksnaad fan it skip bewarre bleaun. Yn de toer út 1862 hinget in liedklok (1494) fan Geert van Wou en in replika fan de troch H. Wegewaert getten klok út 1611, dy't yn 1955 getten is troch Van Bergen út Hilligerlee. It tagongsstek fan it tsjerkhôf komt fan de eardere Sminiastate (1872).
De tsjerke waard yn de jierren 1970 restaurearre. De yn 1873 op de bûtenmuorren oanbrochte pleisterlaach waard doe wer ferwidere; de finsters krigen by dy restauraasje wer stiennen trasearings en de eardere tagongen binne wer sichtber makke. Utsein it reparaasjewurk is de houten kapkonstruksje fan de tsjerke noch oarspronklik.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt protestantske ynterieur fan de tsjerke is geef en wurdt oerdutsen troch in houten tonferwulft. Ut de 17e iuw dateare de preekstoel, trije roubuorden (Duco fan Jongema, Franciscus fan Jongema, Syts fan Camminga) oan de noardwand en trije ûnderkape hearebanken; ien dêrfan út 1677 foar de famylje Van Grovestins. De fiif roubuorden út de 18e iuw yn it koar binne fan de famylje Van Sminia.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel út 1847 waard makke troch Pieter Jans Radersma (1803-1851), dy't doe 17e-iuwske pipen fan in âlder oargel brûkte. Op nijjiersdei 1868 briek der brân út. It oargel waard fannijs opmakke en wizige troch Willem Hardorff. Bakker en Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 1922 en feroare op 'e nij de disposysje. Vermeulen restaurearre it oargel yn 1976 en brocht it safolle mooglik werom yn de âlde steat.
Sjoch ek
bewurkje seksje-
Hearebank tsjin de noardmuorre (1975)
-
Ynterieur rjochting easten (1975)
-
Ynterieur nei it westen (1975)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|