Toskaanske jasmyn

De Toskaanske jasmyn of Sineeske stjerjasmyn (wittenskiplike namme: Trachelospermum jasminoides of Rhyncospermum jasminoides) is in túnplant dy’t heart ta de famylje fan de frisselgrienen (Apocynaceae). Nettsjinsteande de ferwizing yn 'e namme nei de Italjaanske regio Toskane, komt dizze plant fan oarsprong út East-Aazje: Japan, Koreä, súdlik Sina en Fjetnam.

Toskaanske jasmyn
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift gensiaaneftigen (Gentianales)
famylje frisselgrienen (Apocynaceae)
skaai stjerjasminen (Trachelospermum)
soarte
Trachelospermum jasminoides
(Lindley) Lemaire, 1851

De plant kin it beste op gewoane bedonge túngrûn setten wurde. De plant freget in goede fochttrochlittende grûn. Brûk gewoane túngrûn en jou yn it foarjier goed fertarde stâldong.

De blêden binne glimmend, langhalich of lansetfoarmich. De plant bloeit goed op in muorre op it suden. De lekker rûkende wite stjerfoarmige blomkes hawwe omsleine kelkslippen. Dizze jasmyn kin yn de folle grûn mar ek as kûp- en terrasplant hâlden wurde. Bloeit op it âlde hout tusken maaie - septimber. Freget sinnich oant healskaad en beskut plak.

De grienbliuwende klim- en slingerplant kin oant 6 meter heech wurde, yn ús klimaat 4 meter. Kin as klimplant en as boaiembedekker brûkt wurde. Kin ek lâns pergola’s en klimrekken lieden wurde. Groeit yn de begjinfaze stadich, mar ienkear oanslein is it in sterke groeier.

Snoei him pas yn it neijier werom as er wer nije blêden foarme hat. De sapstreamen komme yn it foarjier op gong en de kans bestiet dat er dan deabliedet. Allinnich echt drûge endeade tûken kinne yn it foarjier snoeid wurde. De kûpplant moat wol op in froastfrij ljocht plak oerwinterje. De plant is wol winterhurd, mar by strange froast (-10 graden) of langduorjende froast de grûn om de plant ôfdekke mei strie of mei noppenfoly.