Traktaat fan Reduksje
It Traktaat fan Reduksje is in ferdrach dat op 23 july 1594 sletten waard. De stêd Grins hat iuwenlang in selsstannige bestjoerlike ienheid west en seach himsels as in frije ryksstêd yn it Hillige Roomske Ryk. De stêd hat dy posysje lykwols nea formeel bemachtige, mar om't it gesach fan de lienhear, de Utertske biskop tige swak wie, koe de stêd him as in stedssteat gedrage. De stêd hie it steapelrjocht en dêrtroch besocht de stêd syn posysje yn de Ommelannen en ek oer oare parten fan de Fryske lannen te fergrutsjen. De Ommelanners ferwarden har dêr tsjin en dat late ta iuwenlange wapene konflikten.
Nei't it Steatske leger ûnder lieding fan Maurits fan Oranje de stêd nei in koarte belegering op de Spanjerts oermastere hie, de Reduksje fan Grins yn 1594, twong er yn 'e mande mei de Steaten-Generaal fan de Nederlannen, de stêd en Ommelannen as ien provinsje ta de Republyk oanslute te litten. It provinsjaal bestjoer soe yn Grins syn sit hawwe. De opstellers fan it traktaat wisten dat it oparbeidzjen tusken stêd en Ommelannen net maklik wurde soe. It gewest soe alhiel selsstannich yn it ferbân fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wurde en dêrom waard foar it gewest spesjaal in regeling ûntwurpen dy't de skelen tusken de twa parten fan it gewest ta beslissen foar de Steaten-Generaal foarlizze soe. Dat bliek ek nedich te wêzen yn de jierren 1655-1657 doe't de Hollânske riedpinsjonaris Johan de Witt en de Fryske steedhâlder Willem-Freark mei de grutste muoite in nije "harmony" tusken stêd en Ommelannen oplizze koene.
It traktaat betsjutte tenei in ein fan Grins as de dominearjende stedsteat, mar om de fêstingstêd fan stategysk belang hâlde te wollen, lieten de Steaten-Generaal Grins it steapelrjocht hâlde. Dat hold yn dat al it hannelsguod yn Grins te keap oanbean wurde moast.
It traktaat tsjinne as grûnwet fan it nije gewest Stêd Grins en Ommelannen (Stêd en Lân) en makke út dat de steedhâlder fiif kieshearen út de swarde gemeente oanwiisde. Dy kieshearen keazen de ried en de boargemasters fan Grins.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|