Tramwei De Jouwer - De Lemmer
De Jouwer lei oant begjin santiger jierren fan de 20e iuw oan in frachtspoarline. It wie oarspronklik in tramwei dy't De Jouwer mei De Lemmer ferbûn; fanút De Jouwer koe men fierder reizgje nei It Hearrenfean of Snits. It spoar wie sawat 18 kilometer lang. De tramwei waard yn de begjinjierren eksploitearre troch de Nederlânske Tramwei Maatskippij (NTM), der waard riden mei steamtrams. Letter waard de tramwei eksploitearre troch de NS foar frachtferfier. Fan 1947 ôf rieden der allinnich noch frachttrams. Yn 1962 wie de maksimum snelheid 30km/oere. De tramwei waard yn 1968 sluten. Begjin jierren '70 is it spoar opbrutsen.
Inkele data
bewurkje seksje- Iepening: 12 augustus 1901
- Staking persoaneferfier: 5 oktober 1947
- Oername troch NS fan NTM: 5 oktober 1947
- Oername troch NTM fan NS foar frachtferfier: 1 oktober 1949
- Oername troch NS fan NTM: 23 desimber 1960
- Opheffing: 10 juny 1968
Dizze plakken leinen oan de tramwei
bewurkje seksjeHaltes
bewurkje seksje(net folslein)
- De Jouwer
- Skarsterbrêge
- Hústerheide - Sint Nyk
- Sint Nyk
- Rykstrjitwei - Sint Nyk
- Brêge Follegea
- De Lemmer
Oanslutende tramwegen, dy't ek sluten binne
bewurkje seksjeNijsgjirrichheden
bewurkje seksjeIt baanfek is noch hiel dúdlik werom te kennen yn it lânskip en is ek noch yn takt, mei útsûndering fan in lyts stikje yn Sint Nyk. Yn De Lemmer rint de eartiidske tramwei as in fuotpaad tusken de huzen troch; de wiken binne der omhinne boud. Mei it each op de takomstige útwreiding fan De Lemmer is besletten it baanfek yn takt te hâlden, sadat it foar de takomst feilichsteld is. Der binne ek plannen om in fytspaad op de âlde tramwei oan te lizzen.