Transatlantyske flecht fan Alcock en Brown
De Britske fleanders John Alcock en David Whitten Brown makken de earste non-stop transatlantyske flecht yn juny 1919.
Transatlantyske flecht
bewurkje seksjeYn april 1913 (en fannijs yn 1918), stelde de Daily Mail in priis fan of £10.000 beskikber foar "the aviator who shall first cross the Atlantic in an aeroplane in flight from any point in the United States of America, Canada or Dominion of Newfoundland and any point in Great Britain or Ireland in 72 continuous hours".
Sy stigen op yn in oanpaste Vickers Vimy IV, in bommesmiter mei twa Rolls-Royce Eagle motors fan 360 hk it stik, fan Lester's Field yn St. John's, Nijfûnlân op 14 juny 1919 om 13.45 oere.
De flecht einige ferskate kearen hast foar de tiid troch problemen mei de motors, mist, snie en iis. Brown moast hieltyd wer de fleugels op om iis út de luchtynlitten fan de motors te bikjen en Alcock's fleanderskeunst waard swier op de proef steld troch swiere mist, iisôfsetting op de roeren en it opheapjen fan snie yn de iepen cockpit. By de lâning yn Ierlân rekke it tastel swier skansearre meidat it yn sompich fean bedarre dat fan boppe ôf in moai stik greide like (by Derrygimlagh Moor). De manlju rekken net ferwûne.
Sy hiene doe 3040 km yn 16 oeren en 27 minuten ôflein, mei in trochsneed faasje fan 185 km/o. De fleanhichte farieare fan seenivo oant 3.700 meter.
Alcock en Brown waarden behannele as helden om't hja de flecht folbrocht hiene. Neist priis fan de 'Daily Mail' krigen hja noch 2.000 guineas fan de 'Ardath Tobacco Company' en £1.000 fan Lawrence R. Phillips de man, om't hja de earste Britske ûnderdienen wiene dy't de Atlantyske Oseaan oerflein wiene. In pear dagen letter waarden Alcock en Brown riddere troch kening George V.
Charles Lindbergh sei letter by syn lâning yn Parys, nei syn rekordflecht fan 1927 "Alcock en Brown hawwe my it paad wiist!"