Transfiguraasjekatedraal (Novokûznetsk)
De Transfiguraasjekatedraal (Russysk: Спасо-Преображенский собор; Spaso-Preobrazjenski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Novokûznetsk, Ruslân. De katedraal is de haadtsjerke fan it otterdokse bisdom Kemerovo-Novokûznetsk en stiet oan 'e Vodopadnaja Ulitsa 18.
Transfiguraasjekatedraal
Спасо-Преображенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
Oblast | Kemerovo | |
plak | Novokûznetsk | |
adres | Vodopadnaja Ulitsa 18 | |
koördinaten | 53° 46' N 87° 10' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1792-1835 | |
boustyl | Sibearyske barok | |
monumintale status | Regionaal monumint | |
monumintnûmer | 441210003170005 | |
Webside | ||
Hiemside fan 'e katedraal | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1621 waard de earste tsjerke yn it fort fan it doetiidske Kûznetsk boud en wijd oan 'e Transfiguraasje fan 'e Heare. De houten tsjerke baarnde yn 1734 ôf en ferfongen troch in nije houten tsjerke. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw waard net fier fan dy tsjerke in begjin makke mei de bou fan in stiennen katedraal. Fanwegen jildbrek moast de bou al gau foar in skoft útsteld wurde, sadat allinne de earste ferdjipping klear wie. Yn 1822 waarden dochs wer prikken yn it wurk steld om de bou te foltôgjen. Yn 1830 wie lang om let de foltôging fan 'e tsjerke. Dêrnei waard der noch fiif jier oan it ynterieur wurke. Meiïnoar hat de bou 43 jier duorre. De ynwijing fan 'e katedraal fûn op 5 augustus 1835 plak.
Troch in ierdskodding op 7 juny 1898 waard de tsjerke skansearre. Yn 1907 folge de restauraasje fan it gebou.
Nei de Oktoberrevolúsje
bewurkje seksjeYn 1919 waard de katedraal oanfallen troch in kliber anargisten en yn 'e brân stutsen. Nei de oanfal waard de ûndertsjerke wer safier hinne geskikt makke foar de earetsjinst. Foardat de katedraal yn 1934 sletten waard, makke de Libbene Tsjerke noch in skoft gebrûk fan 'e katedraal. Yn 1935 waard it gebou plondere troch leden fan 'e Konsomol. De koepels en alle kristlike symboalen waarden ferwidere en de toer foar in grut part ôfbrutsen. Dêrnei tsjinne it gebou noch in skoft as skoalle en bakkerij. Healwei de jierren 1950 stie it ferinnewearre gebou leech en it duorre oant de jierren 1980 dat it arsjitektoanyske belang fan it ferfallen gebou erkend waard. Der wiene plannen om de tsjerke te renovearjen en der in konsertgebou fan te meitsjen, mar tsjin 'e ein fan 'e jierren 1980 doarden otterdokse kristenen it oan om it gebou werom te freegjen fan 'e autoriteiten. Yn in sitting fan 'e gemeenteried yn 1989 waard it beslút nommen de tsjerke wer oer te dragen oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Weriepening
bewurkje seksjeNei de weromjefte waard it tsjerkegebou restaurearre en foar in part rekonstruearre. Yn 1991 waard foar it earst sûnt lange tiid wer in Godlike Liturgy opdroegen. De restauraasje soe meiïnoar 15 jier duorje en yn 2004 waard it wurk ôfsletten.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe lange boutiid hat ynfloed hân op de styl fan 'e katedraal. Karakteristyk foar de Sibearyske barok binne de koepels, mar it gebou sels giet mear yn 'e rjochting fan it neoklassisisme. De dekorative eleminten dêrfoaroer ferwize wer nei de Sibearyske barok.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Преображенский собор (Новокузнецк)
|