Novokûznetsk (Russysk: Новокузнецк) is in stêd yn 'e oblast Kemerevo yn 'e Russyske Federaasje. De stêd leit oan 'e rivier de Tom yn 'e Kûzbass, it ûnbidich grutte stienkoalegebiet yn Sibearje.

Novokûznetsk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Kemerovo
Sifers
Ynwennertal 537.480 (2023)
Oerflak 424,27 km²
Befolkingsticht. 1.266,83 ynw./km²
Hichte 190 m
Oar
Stifting 1618 (as fort)
Tiidsône UTC+7
Koördinaten 53° 45' N 87° 07' E
Offisjele webside
webstee Novokûznetsk
Kaart
Novokûznetsk (Ruslân)
Novokûznetsk
Kaart
Lokaasje Novokûznetsk yn 'e oblast Kemerovo.

De stêd hat in oerflak fan 424,27 km² en is it sintrum fan 'e stêdekloft Novokûznetsk Kûzbass mei goed 1,3 miljoen ynwenners. De earste dei fan july is de offisjele feestdei fan Novokûznetsk.

De stêd krige yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende nammen. Oant 1932 hie de stêd de namme Kûznetsk (Кузнецк). Mei de stifting fan in grutte metallurgyske fabryk ûntstie in nij doarp, dat yn 1931 omdoopt waard ta Novokûznetsk. Yn 1932 waarden Kûznetsk en Novokûznetsk gearfoege ûnder de namme Novokûznetsk en in pear moanne letter waard de stêd yn Stalinsk (Сталинск) omneamd. Sûnt 1961 hat de stêd op 'e nij de namme Novokûznetsk.

De stêd hat in soad swiere yndustry en ien fan 'e heechste konsintraasjes loftfersmoarging fan 'e Ruyssyske Federaasje. Dochs is Novokûznetsk in griene stêd om't it sintrum neffens de idealen fan de túnstêd oanlein waard.

 
Kaart fan Kûznetsk út 1705
Nicolaes Witsen (1641–1717).

Novokûznetsk waard yn 1618 stifte troch Sibearyske kozakken mei de bou fan in fort tichteby it plak dêr't de rivieren de Tom en de Kondoma gearrinne. Yn 1620 ferhûze it fort nei in heech plak op 'e rjochter kant fan 'e rivier. It fort ferlear al gau syn militêre betsjutting.

 
Transfiguraasjekatedraal.

Yn 'e Russyske boargerkriich hat de bluodderige terreur yn Kûznetsk sels foar dy tiid op syn aldergrouwélichst west. Op 12 desimber 1919 naam nei in relatyf rêstich bewâld ûnder de Kolchakiten in lokale binde anargisten ûnder lieding fan Grigori Fjodorovitsj Rogov en I.P. Novoselov Kûznetsk yn. De stêd waard fuortendaliks ôfsletten en der waard úteinset mei in suvering dy't trije dagen duorre en syn gelikense net hie wat wredens oanbelanget. Elkenien dy't yn 'e tiid fan 1918-1919 it regear tsjinne hie, waard ta de dea feroardiele. De eksekúsjemetoaden wiene in ôfgriis. Minsken lykas luitenant Pavel Nikolajevitsj Pûtilov waarden libben midstwa seage. Plysjeaginten, keaplju, kûlakken en preesters waarden de hollen ôfhakt of fjouwerdield. De finzenis, de Transfiguraasjekatedraal en de Odigitrievski-tsjerke en oare gebouwen yn it fort waarden delbaarnd. Yn in pear dagen tiid binne der neffens rûzings op in ynwennertal fan goed 3.000 minsken likernôch 700 ynwenners fermoarde. Rogov hannele op eigen houtsje waard lang om let oppakt en troch soldaten fan it Reade Leger eksekutearre. Yn 'e Sovjet-tiid besochten de autoriteiten harren wat te distansjearjen fan Rogov's aktiviteiten, mar der bestie ek respekt foar de 'reade partisanen'.

Yn 1929 waard yn 'e kontrijen in begjin makke mei de bou fan in metallurgyske fabryk. By it fabryk ûnstie in delsetting, dy't op 3 july 1931 mei in beslút op 3 july 1931 fan it presidium fan it Sintraal Utfierend Komitee fan 'e USSR de moderne yndustrystêd Novokûznetsk waard. Yn 1932 waard besletten Novokûznetsk mei Kûznetsk gear te foegjen ta ien stêd en op 5 maaie 1932 waard Novokûznetsk omdoopt ta Stalinsk. Ek it metallurgyske fabryk waard ferneamd nei de Sovjet-lieder. Stalinsk feroare yn 'e jierren 1930 yn in wichtich mynbou- en yndustrieel sintrum. Yn it ramt fan 'e destalinisaasje waard Stalinsk mei in dekreet fan 'e Opperste Sovjet op 5 novimber 1961 wer omneamd ta Novokûznetsk.

Mei de Perestrojka yn 1986 laten de ekonomyske herfoarmings fan 1987 ta it begjin fan in mynwurkersstaking yn Kemerovo en Novokûznetsk wie yn 1989 ien fan 'e sintra fan dy staking. Yn 1998-2000 wie der in grutte striid om de grutte bedriuwen fan 'e stêd, dy't lang om let wûn waard troch de Jevrazholding ("Euraziatyske holding"). Nei in tiid fan ferfal soarge de ekonomyske groei yn 'e jierren 2000 foar mear bedriuwen en wenningbou.

Wat ynwennertal oanbelanget stie Novokûznetsk op 1 oktober 2021 op it 34e plak fan 'e 1119 stêden yn 'e Russyske Federaasje. Neffens de folkstelling fan 2010 bestiet in grutte mearderheid fan goed 95% fan 'e befolking út etnyske Russen. Dêrnjonken is der in grut tal lytse minderheden, dy't lykwols apart fan inoar minder as 1% fan 'e befolking útmeitsje.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1720 1851 1897 1917 1926 1931 1939 1956
Ynwenners 1.918 2.831 3.141 3.154 3.894 45.000 166.000 346.600
Jier 1970 1980 1990 2000 2010 2020
Ynwenners 499.183 545.000 584.000 561.600 547.904 549.103

De stêd is te verdielen yn seis stedsdielen (rajons).

Kleur Namme Russysk Oerflak Ynwenners (2021) Kaart
ljochtblau Zavodskoi rajon Заводской район
109,10
92.620
 
grien Kûznetski rajon Кузнецкий район
36,11
46.932
donkeroranje Kûibysjevski rajon Куйбышевский район
92,49
75.174
pears Novoilinski rajon Новоильинский район
22,49
77.593
ljochtoranje Ordzjonikidzevski rajon Орджоникидзевский район
95,62
78.533
donkerblau Tsentrali rajon Центральный район
66,52
166.628

Ekonomy en ferkear

bewurkje seksje

Wichtich foar de ekonomy fan 'e stêd binne de metaalyndustry (izer- en non-ferrometalen), stienkoalwinning en - ferwurking, masinebou en fiedselyndustry (suvel, nôtprodukten en drank). Novokûznetsk hat twa waarmtekrêftsintrales. De Evrazgroep hat ferskillennde izerertsminen en in grutte staalfabryk.

 
Fort fan Kûznetsk.

Op 19 maart 2007 fûn yn 'e yn 2002 iepene Uljanovskaja-myn in swiere ûntploffing fan metaangas plak, werby 110 mynwurkers ferstoaren. Op 24 maaie 2007 wie der fannijs in swier ûngelok yn ien fan 'e minen net fier fan it plak, dêr't yn maart ek in eksploazje plak fûn hie. Fan 'e 217 mynwurkers koene 179 op 'e tiid holpen wurde, 38 mynwurkers kamen by dat ûngemak om it libben.

Novokûznetsk is in regionaal knooppunt foar it spoar en hat in lofthaven mei fral ynlânske ferbinings. It stedsferier wurdt troch trams, trolleybussen en stedsbussen fersoarge.

Underwiis en Kultuer

bewurkje seksje

De stêd hat meardere universiteiten en hegeskoallen. De Sibearyske Nasjonale Industry Universiteit bestiet al sûnt 1931. De stêd hat boppedat ôfdielings fan 'e Nasjonale Universiteit fan Kemerovo, de Technyske Steatsuniversiteit fan 'e Kûzbass, de Nasjonale Universiteit foar Arsjitektuer en Bou fan Tomsk en it Ynstitút foar Bûtenlânske Hannelsrelaasjes, Rjocht en Ekonomy yn Sint-Petersburch. Fierder is yn 'e stêd in Otterdoks Teologysk Seminaarje.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
De tusken 2000 en 2013 boude Mynwurkerskatedraal.

It fort fan Kûznetsk waard sûnt de jierren 1990 restaurearre en foar in part rekonstruearre. De measte gebouwen yn it fort binne lykwols nei 1917 ferneatige. Tsjintwurdich is it fort in museum. In oar gebou út de tsaretiid is de restaurearre Transfiguraasjekatedraal, in foarbyld fan Sibearyske barok út de jierren 1792–1835. Fierder bestiet de stêd út in soad gebouwen út de jierren 1930 en fan nei de Twadde Wrâldkriich. Tusken 2000 en 2013 waard de eklektyske Kristus-Berte-Katedraal boud, ek bekend ûnder de namme de Mynwurkerskatedraal om 't de bou tagelyk in monumint is ta neitins fan de omkommen mynwurkers. Sûnt de jierren 2000 binne der in soad nije tsjerken mei in ferskaat oan histoarisearjende arsjitektuer boud, dy't de ientoanige bou út de 20e iuw ferbrekke.

De stêd hat in grut tal teäters, bioskopen, musea. Ek is it hûs fan 'e skriuwer Fjodor Dostojevski, dy't yn 'e Odigitrievski-tsjerke fan Kûznetsk mei syn earste frou Maria Isajeva troude, te besjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Новокузнецк