Transfiguraasjetsjerke (Jekatarineburch)

De Tsjerke fan de Transfiguraasje (Russysk: Преображенская церковь; Preobrazjenskaja tsjerkov) is in russysk-otterdokske tsjerke yn it súdlike distrikt Tsjkalovsk fan Jekaterineburch, Ruslân. De tsjerke waard boud tusken 1808 en 1821, mar yn 'e Sovjet-tiid folslein ferneatige en omboud ta in fabryk foar rubberprodukten.

Transfiguraasjetsjerke

Преображенская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Sverdlovsk
plak Jekaterineburch
koördinaten 56° 46' N 60° 38' E
Arsjitektuer
boujier 1808-1821; weropbou 1995-1998
monumintale status Kultureel monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 6600000603
Webside
preobrazgenie.org
Kaart
Transfiguraasjetsjerke (Jekaterineburch)
Transfiguraasjetsjerke

Skiednis bewurkje seksje

De earste tsjerke op it plak dêr't no de Transfiguraasjetsjerke stiet waard stifte yn 1712 en wie wijd oan 'e hillige Nikolaas. De houten Nikolaastsjerke die 95 jier tsjinst en baarnde yn 1807 alhiel ôf.

Op it plak waard doe de earste stien lein foar in nije stiennen tsjerke. De nijbou krige oan 'e súdlike kant in kâlde kapel, dy't wijd waard oan 'e ikoan fan 'e Mem-Gods-fan-Kazan en oan noardlike kant in kapel, dy't wijd waard oan Sint-Nikolaas. It haadalter waard oan 'e Transfiguraasje fan 'e Hear wijd. It tsjerkegebou waard yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw te lyts en moast yn 1860 grutter makke wurde. Dêrfoar moasten oant 1863 de sydkapellen ôfbrutsen en ferfolgens oan 'e gruttere tsjerke wer op boud wurde.

 
De tsjerke yn 1900.

Nei de Oktoberrevolúsje begûn de ferfolging fan it leauwen yn Ruslân. De koepel fan 'e Transfiguraasjetsjerke waard al yn 1930 foar in diel fernield. Yn 1937 waard de tsjerke definityf sluten en yn 1942 oerdroegen oan in fabryk, dy't yn ferbân mei de Dútske oanfal op Ruslân út Moskou nei Jekaterineburch evakuëarre wurde moast om produkten fan rubber te produsearjen. Yn dy tiid waard de tsjerke fan binnen folslein ferboud om it geskikt te meitsjen foar de produksje.

Wylst it gebou noch net oerdroegen wie oan 'e tsjerke waard mei it peaskefeest fan 1995 foar it earst in earetsjinst yn it gebou fierd. Dêrnei sette de weropbou en de restauraasje fan 'e tsjerke útein. De folsleine oerdracht oan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke fûn yn itselde jier plak mei de feestdei fan 'e Transfiguraasje fan 'e Hear. Sûnt 1996 wurde der wer alle dagen tsjinsten fierd.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Преображенская церковь (Екатеринбург)