Trije-ienheidskatedraal (Brjansk)

De Katedraal fan 'e Hillige Trij-ienheid (Russysk: Собор Троицы Живоначальной) is in Russysk-otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Brjansk. De katedraal is de grutste tsjerke fan it bisdom Brjansk.

Trije-ienheidskatedraal

Троицкий собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Brjansk
plak Brjansk
adres Pr. Lenina, 58/1
koördinaten 53° 14' N 34° 22' E
Arsjitektuer
boujier 2006—2012
Webside
Sobor-Bryansk
Kaart
Trije-ienheidskatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Trije-ienheidskatedraal

De âlde katedraal

bewurkje seksje
 
De âlde katedraal fan Brjansk (ferwoastge yn 1968)

De oarspronklike katedraal wie in tsjerke út 'e ein fan 'e 19e iuw. Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke al yn 1924 sletten fanwegen de "foar de sûnens skealike konsintraasje fan kontrarevolúsjonêre eleminten". It gebou krige dêrnei ferskate funksjes, mar waard yn 'e Twadde Wrâldkriich slim skansearre en neitiid net wer restaurearre.

By in nije anty-religieuze kampanje yn it lân waard de eardere katedraal, alteast wat der fan oer wie, op 20 july 1968 opblaasd. Foar it ferwoastgjen fan de katedraal moasten de ynwenners fan 'e omlizzende bebouwing evakuearre wurde. Noch op it lêst besochten ynwenners mei in telegram de autoriteiten te beweegjen de katedraal net te ferneatigjen, mar de autoriteiten bewearden letter dat hja it telegram pas krigen, doe't de katedraal al yn pún lei. De heuvel dêr't de katedraal op stie waard dêrnei mei de grûn lyk makke en yn 'e jierren 1980 waard dêr in konsertseal boud.

Ta neitins fan 'e ferwoastge katedraal waard by it konsertgebou yn 2002 in houten Marijekapel boud.[1]

De nije katedraal

bewurkje seksje

Ear't mei de nijbou fan in nije katedraal útein set waard, die de Opstanningstsjerke tsjinst as katedraal. Dy tsjerke wie yn 'e jierren 1930 sletten, mar yn 'e tiid fan é Dútske besetting op 'e nij iepene en dast bleau dêrnei sa.

Mei de bou fan 'e hjoeddeiske katedraal waard yn 2006 begûn. Yn 2009 waard de earste Godlike Liturgy yn 'e benedentsjerke fierd en op 24 maaie 2012, op it feest fan de Himelfeart en de dei fan 'e hilligen Syril en Methodius (de nammedei fan patriarch Kirill), fûn ûnder lieding fan biskop Aleksander de earste fiering fan 'e Godlike Liturgy yn 'e boppetsjerke plak. Op 1 july 2012 folge de rite fan 'e grutte konsekraasje troch patriarch Kirill I.

By de tsjerke heart ek noch de 80 meter hege frijsteande klokketoer.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Троицкий собор (Брянск)]