Brjansk

in stêd yn Ruslân

Brjansk (Russysk: Брянск) is in plak yn de Russyske Federaasje en de haadstêd fan de oblast mei deselde namme.

Brjansk
Коллаж Брянск.jpg
Flagge Wapen
Flag of Bryansk.png Coat of arms of Bryansk (Bryansk Oblast).svg
Sifers
Ynwennertal 396.343 (2022)
Oerflak 186,73 km²
Befolkingstichtens 2122,55 ynw./km²
Hichte 190 m
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Kaluga Oblast.svg Brjansk
Oar
Stifting foar it earst neamd: 1146
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 53° 15' N 34° 22' E
Webside Side fan de stêd

SkiednisBewurkje

De stêd ûnstie nei alle gedachten yn 985 ûnder Vladimir I as ferdigeningswurk oan de rjochter kant fan de Dnepr. Yn 1146 wurdt Brjansk foar it earst yn in kronyk neamd. De oarspronklike namme Debrjansk komt fan it Russyske wurd 'Debri', dat ticht bosk betsjut. Yn de 13e iuw waard Brjansk selstannich as it Foarstedom Brjansk, dêr't de ynvaazje fan de Gouden Horde in ein oan makke. Sûnt 1356 stie de stêd ûnder Litousk bewâld en yn 1503 waard de stêd by it Grutfoarstedom Moskou foege.

 
Transfiguraasjetsjerke

Yn de 17e iuw wie as hannelsplak Brjansk in wichtige fêsting mei alle jierrren grutte jiermerken. Sûnt 1709 hearde de stêd by it gûvernemint Kiëv, sûnt 1778 by Orlov. Mei in dekreet fan tsaar Peter de Grutte waard in earste skipswerf boud foar de bou fan de Swarte Seefloat. De oarloggen mei it Osmaanske Ryk, de Azovfjildtochten en de striid tsjin Sweden brochten Brjansk in nije ympuls; yn 1788 waard in wapenfabryk foar artillery iepene. Yn 1812 besocht Napoleon ferskillende kearen om 'e nocht de stêd te oermasterjen, mar dat mislearre. Yn de 19e iuw waard de stêd in yndustriëel sintrum mei masinebou, tekstylfabriken, metaalfabriken.

De besetting fan Brjansk troch Nazy-Dútslân folge sûnt 6 oktober 1941 oant 17 septimber 1943. De bosken om Brjansk wiene yn de besetting ien fan de belangrykste plakken, dêr't partisanen de besetter befochten. Likernôch 60.000 striders makken it de Dútsers net maklik en sûnt 1942 hiene hja in grut part fan it besette gebiet feitlik yn hannen. De befolking dy't nei de besetting net evakuearre wie hie it dreech, it fee en it iten waard nei Dútslân transportearre en de befolking moast it mei in minimum oan iten dwaan. Om fabriken en bedriuwen sletten of ferneatige wiene, hiene de minsken ek hast gjin wurk. Sûnt 1942 waarden in soad bewenners boppedat nei Dútslân transportearre om dêr twangarbeid te ferrjochtsjen. Doe't Brjansk yn septimber 1943 befrijd waard hie Brjansk noch mar 5.000 ynwenners. Op 17 septimber wurdt yn Brjansk befrijingsdei fierd.

Foar kriichsfinzenen wie yn Brjansk it kriichsfinzenenkamp 326. Yn it oanbuorjende Bezjitsa (Бе́жица) bestie it kamp 252. Yn 1956 waard Bezjitsa by Brjansk yndield. Tsjintwurdich is Brjansk in wichtich yndustriëel sintrum foar elektronyske boudielen, turbinus, lokomotiven en noch folle mear. Boppedat is de stêd it kulturele en bestjoerlike sintrum fan de oblast en in knooppunt foar it spoar mei in grut ranzjearstasjon.

BefolkingsûntwikkelingBewurkje

Untjouwing ynwennertal Brjansk (1840-2022)
Jier 1840 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1990 2000 2010 2020 2022
Befolking 8.200 24.500 86.000 87.490 207.319 317.504 394.210 452.000 457.400 415.721 402.675 396.343

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Brjansk