Trije Swalkers yn Fryslân
Trije Swalkers yn Fryslân yn it oarspronklike Ingelsk: 3 Vagabonds in Friesland, is de titel fan in boek dat ferslach docht fan in reis troch Fryslân yn 1906. Dit reisferhaal waard foar it earst publisearre yn 1907, yn Londen. De Fryske oersetting, fan Leo Hendricus Bouma, ferskynde yn 1987.
Trije Swalkers yn Fryslân | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | 3 Vagabonds in Friesland | |
auteur | Herbert Frederick Tomalin, Arthur Marshall | |
taal | Frysk, Ingelsk | |
sjenre | reisferhaal | |
1e publikaasje | 1907 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Trije Swalkers yn Fryslân | |
publikaasje | 1987 | |
oersetter | Leo Hendricus Bouma |
3 Vagabonds in Friesland
bewurkje seksjeYn juny 1906 makken trije Ingelsen, de yngenieur en arsjitekt Herbert Frederick Tomalin, de arsjitekt en amateurfotograaf Arthur Marshall en in ûnbekende in omreis troch Fryslân, with a Yacht and a Camera yn "in gebiet noch net fan toeristen bedoarn", sa seit Tomalin. It selskip kaam oan yn Amsterdam en reizge oer Folendam nei Inkhuzen. Dêr namen hja de boat nei Starum. Dêr hierden hja de boeier Marie fan in Heinsius, mei skipper en skippersfeint, foar £6 yn de wike. [1]Tomalin hat fan dizze reis in ferslach skreaun dat yn 1907 yn Londen publisearre waard ûnder de namme Three Vagabonds in Friesland with a yacht and a camera. It boek priizget Fryslân en nûget toeristen út ta in besite.
H.F. Tomalin reizge yn 1907 noch nei de Waadeilannen en is ek de auteur fan ûnder oaren Frisian meers dat yn 1909 útbrocht waard. It Frysk Fotoargyf by Tresoar hat goed 60 foto’s, makke troch Marshall, út it boek.
3 Vagabonds in Friesland jout de neifolgjende observaasje fan Ljouwert:
H.F. Tomalin:
- Mr. E.V. Lucas writes of Leeuwarden that it ‘is large, prosperous, and healthy. What one misses in it is any sense of intimate cosiness. One seems to be nearer the elements, farther from the ingratiating works of man, than hitherto in any Dutch town. The strong air, the openness of land, the 180 degrees of sky, the northern sharpness, all are far removed from the solace of the chimney-corner. It is a Spartan people, preferring hard health to overcoats, and the streets and houses reflect this temperament.
Yn de lêste haadstikken kriget Marshall de rûmte om it oer de swierrichheden te hawwen dy't in fotograaf mei syn kwetsbere fotoapparatuer en glêsnegativen ûnderderfynt yn in skommeljende boeier. Teffens ferhellet er oer de opskuor dy't ûntstiet op de plakken dêr't it selskip ferskynt en oer de Fryske bern dy't you to death narje. It behindert syn wurk tige dat hy betink ôfliedingsmanoevres. Hy liet syn maten de doarpelingen útnûgje foar it meitsjen fan sebeare groepspotretten en koe dan in stik fierderop rêstich oant wurk: these little acts of deception are very necessary in a country where the people buzz round you like a swarm of bees.
Eftergrûn
bewurkje seksjeYn de lette 19e iuw waard Nederlân faak besocht troch ynternasjonaal oriïntearre fotograven. De streaming fan it pikturalisme, mei syn bûtendoarfotografy, makke doe krekt opgong. Benammen de gebieten om de Sudersee en de provinsjes Seelân en Fryslân wiene yn 'e swang. De fotograven waarden oanlutsen troch de atmosfear, it koele ljocht, hege loften en it pittoreske fan stêden, doarpen en lânskip. Ek yn dy snuorje naam it toerisme ta. Der ûntstie ferlet fan reisboeken en reisgidsen, dêr't it nuttige en noflike yn ferienige wurde koe. Sa bedarren geregeldwei keunstsinnige foto's fan goede fotograven yn boeken as "3 Vagabonds in Friesland". Oare foarbylden yn dit sjênre binne: On Dutch Waterways (1889), Holland fan Edmondo de Amicis (1894), Odd Bits of Travel with a Brush and a Camera, Holland as seen by an American (1903).
Yllustraasjes út 3 Vagabonds in Friesland
bewurkje seksje-
Roeiende frou mei in famke by Grou
-
Earrebarrenêst yn Warten
-
'Piipsmokende ielfisker'
-
'Op it bjinstap'
-
The Watergate at Sneek
-
The Oude Hof, Leeuwarden
-
The Potter (pottebakkerij De Lemmer)
-
The Motor boat, sjoen fanôf de boeier Marie
-
The Gossips, Workum (bôlerinsters)
-
Spectators, Heech
-
Ijlst The Daily Wash
-
A fair wind
Oersetting
bewurkje seksje- Trije Swalkers yn Fryslân / H.F. Tomalin. Yn: Frysk en Frij, 29 augustus 1987. Fryske oersetting fan Leo Hendricus Bouma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|