Trijefâldichheidtsjerke yn Nikitniki (Moskou)

De Tsjerke fan de Hillige Trijefâldichheid yn Nikitniki (Russysk: Храм Святой Троицы в Никитниках) is in otterdokske tsjerke yn Moskou, Ruslân. De tsjerke stiet yn it distrikt Kitaj-Gorod en stie yn de twadde helte fan de 17e iuw ea model foar in soad oare Moskouse tsjerken.

Trijefâldichheidtsjerke

Троицкая церковь

bouwurk
Церковь Троицы Живоначальной в Никитниках.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow, Russia.svg Moskou
adres Nikitnikov Pereulok, 3
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1628-1651
boustyl Barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710469000
offisjele webside
nikitniki.ru

SkiednisBewurkje

Yn de 16e iuw stie hjir in houten tsjerke ta eare fan de hillige martler Nikita. Dizze tsjerke baarnde yn de jierren 1620 ôf. De ôfbaarnde tsjerke waard yn 1628-1651 yn opdracht fan de keapman Gregogy Nikitnikov, dy't út de omkriten fan Jaroslavl stamde, ferfongen troch in stiennen nijbou. Oer de krekte boudata bestiet lykwols gjin oerienstimming. De nije tsjerke waard wijd oan de hillige Trije-ienheid.

De súdlike kapel waard wijd oan de martler Nikita en tsjinne as it plak dêr't Nikitnikov en syn famylje begroeven waard.

Yn 1920 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst en yn 1934 oerdroegen oan it Nasjonaal Histoarysk Museum. Om de tsjerke hinne ferskynde nei de Twadde Wrâldoarloch grutskalige moderne kantoarbou.

De Trijefâldichheidtsjerke waard yn 1991 werom jûn oan de Russysk-otterdokske Tsjerke. In ynterieur fan de tsjerke is koartlyn renovearre. De muorren fan de tsjerke binne dekorearre mei 17e-iuwske fresko's fan de ikoaneskilder Simon Usjakov.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Троицы в Никитниках