Tristes tropiques

Tristes tropiques (Frânsk, betsjutting likernôch: "Trieste tropen") binne memoires fan Claude Lévi-Strauss.

Foarside fan Tristes_tropiques (1955)

It dokumintearret syn reizen en antropologyske wurk en rjochtet him benammen op Brazilië, hoewol't it nei in soad oare plakken ferwiist, lykas it Karibysk gebiet en Yndia. Hoewol't it wurk sa foar it each in reisferslach is, is it fol fan filosofyske refleksjes en ideeën dy't in soad akademyske dissiplines ferbine, lykas sosjology, geology, muzyk, skiednis en literatuer.

Oersjoch fan de ynhâld

bewurkje seksje

It boek bestiet út 40 haadstikken en hat njoggen dielen.

  1. La fin des voyages
  2. Feuilles de route
  3. Le nouveau Monde
  4. La terre et les hommes
  5. Caduveos
  6. Bororo
  7. Nambikwara
  8. Tupi-Kawahib
  9. Le retour

Claude Lévi-Strauss fertelt hoe't er yn de jierren 1930 etnolooch waard. As jonge begjinneling yn'e filosofy begûn er mei lesjaan oan in lyseum, mar it lesjaan foldie him net, omdat er it te 'werheljend' fûn.

Al gau krige er de kâns om nei Brazilië te reizgjen om de lokale lânseigen yndiaanske befolkingsgroepen te bestudearjen, lykas de Nambikwaras en Tupis. Letter skreau er syn oanfoljende proefskrift oer La Vie familiale et sociale des Indiens Nambikwaras (1948).

De dielen 1 oant 3 beskriuwe Lévi-Strauss syn refleksjes oer syn fuortgean út Europa en syn besite oan de Nije Wrâld en de tropen, wêrby't er syn earste yndrukken ferliket mei lettere besites en aspekten fan syn akademyske oplieding en syn wurk as professor by de oprjochtingsjierren fan de Universiteit fan São Paulo behannelet.

 
Bororos-yndianen

Diel 4 La terre et les hommes (De ierde en syn bewenners') jout in geografyske analyze fan de ûntwikkeling fan Súd-Amerikaanske delsettingen, lykas in blik op de sosjale struktuer yn Yndia en wat no Pakistan en Banglades is.

De dielen 5 oant en mei 8 rjochtsje harren elk op in lânseigen Braziliaanske kultuergroep: de Caduveo (of Guaycuru), Nambikwara en Tupi-Kawahib, wylst ek tal fan oare ûnderwerpen behannele wurde.

Diel 9 Le retour ('It weromkommen') slút it boek ôf mei beskôgingen oer ûnder oare de aard en it doel fan antropology, de effekten fan reizgjen op de geast, de rol fan boeddhisme en islam yn de mondiale kultuer, it plak fan de minskheid yn it universum en ús ferbiningen mei de wrâld en mei-inoar.

Krityske ûntfangst en ynfloed

bewurkje seksje

It boek waard goed ûntfongen by de publikaasje. De organisatoaren fan de Prix Goncourt betreurden dat se Lévi-Strauss de priis net takenne koene omdat Tristes tropiques technysk sjoen non-fiksje wie. Georges Bataille skreau in loovjende resinsje en de Amerikaanske kritikus Susan Sontag klassifisearre it as ien fan de 'grutte boeken' fan de 20e iuw.

Tristes tropiques waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.