De Tsiende Wyk is in wyk yn de gemeente It Hearrenfean. De feart rint noardeast fan Jobbegea fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart nei de súdeastliker rinnende Ds. Ten Catewei. Besuden de Ten Catewei rint de feart fierder troch nei de súdliker rinnende Skoatterlânske Wei en dan noch troch nei De Tsjonger. De Tsiende Wyk is ien fan de 23 wiken dy't bylâns dizze wyk rinne. De wyk is groeven yn de tiid fan de feanterij.

De namme Tsiende Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme 10e wijk.