Tsjalling Aedo Johan Heringa fan Eysinga (1721-1768)

Tsjalling Aedo Johan Heringa fan Eysinga (1721 - Raerd?, 5 july 1768) wie lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân en grytman fan Raarderhim.

Tsjalling wie in soan fan Frans Julius Johan Heringa fan Eysinga en fan Catharina Lucia fan Heemstra. Hy waard op 8 desimber 1729 troch ôfstân fan syn heit grytman fan Raarderhim, wie yn 1746 lid fan Deputearre Steaten en masterfeint fan it jachtgerjocht yn Eastergoa, yn 1748 (of earder) lid fan de Provinsjale Srteaten fan Fryslân en yn 1761 kommissaris op de Synoade yn Snits.

Hy boaske 5 septimber 1745 syn folle nicht Cecilia fan Sminia (1717-93), dochter fan Idzard en fan Tjallinga Aedonia fan Eysinga. It span, dat yn de tsjerke fan Raerd begroeven leit, hie fiif bern, wêrfan trije jong ferstoarn binne. In dochter Catharina Lucia ferstoar net-troud op 76-jierrige âlderdom; in soan Frans Julius Idzerd Heringa fan Eysinga (*1755), waard yn 1768 grytman yn syn heites plak en ferstoar net-troud 11 july 1806.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: