Frâns Julius Johan Heringa fan Eysinga

Frans Julius Johan Heringa fan Eysinga, (Wurdum?, 1683 - dêre, 17 febrewaris 1730), wie grytman fan Raarderhim.

Frans wie soan fan Tsjalling Aedo Johan Heringa fan Eysinga en fan Syds Aebinga fan Humalda. Hy wie in militêre tsjinst en waard 11 augustus 1714 befoardere ta kapitein, in betrekking dy't hy net lang beklaaide, omt hy al op 30 novimber dêrnei beneamd waard as grytman fan Raarderhim. Yn 1728 wie hy lid fan Deputearre Steaten. Yn 1729 die hy foar syn âldste soan ôfstân fan syn gritenij en ferstoar it jier dêrnei.

Hy boaske yn Dronryp op 18 oktober 1716 mei Catharina Lucia fan Heemstra (1690-1767), dochter fan Schelto en fan Lucia fan Burmania. Hja waard yn Raerd begroeven. Ut dit houlik kamen fiif bern: twa soannen Tjalling Aedo Johan Heringa fan Eysionga en Schelte Hessel Roarda fan Eysinga (1); de jongste dochter ferstoar net-troud, de âldste, Cecilia Johanna, boaske Cornelis fan Scheltinga; de twadde dochter Catharina Maria, mei Hessel Vegelin fan Claerbergen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: