Tsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)
It Tsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan yn 1552 (Russysk Храм-памятник воинам, павшим при взятии Казани в 1552 году) is in monumint út de 19e iuw yn Kazan, Ruslân. It monumint betinkt de fallen soldaten by de oermastingering fan de stêd troch Ivan de Ferskriklike. It is ien fan de âldste militêre betinkingsmonuminten fan Ruslân.
Tsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan
Храм-памятник воинам, павшим при взятии Казани в 1552 | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
autonome republyk | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 55° 48' N 49° 04' E. | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1813-1823 | |
arsjitekt | Nikolai Alferov | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 1610035000 |
SkiednisBewurkje
It tsjerke-monumint stiet op in eilân yn de Kazanka, op it plak dêr't yn 1552 tûzenen Russen begroeven waarden dy't foelen by it oermasterjen fan de stêd troch Ivan de Ferskriklike. Boppe it massa-grêf waard yn opdracht fan de tsaar it Himelfeartkleaster boud, mar om't it kleaster alle maitiden lêst hie fan heech wetter ferhûze it kleaster nei in heger diel fan de stêd, wylst op it massagrêf in kapel achterbleau.
Pas op 29 juny 1813 waard útein set mei it hjoeddeiske 20 meter hege en brede monumint, dat foltôge waard op 30 augustus 1823. Arsjitekt fan de neoklassisistyske ôfknobbe pyramide is de russysk-oekraynske Nikolai Fedorovich Alferov (1777-1842). Oan fjouwer kanten fan it monuminte binne yngongen mei portiko's en pylders fan de doaryske oarder. Yn de hoeken fan de pyramide binne fjouwer sellen, dêr't eartiids muontsen wennen dy't de tsjinsten foar de fallen soldaten opdroegen.
Yn it sintrum fan de pyramide is de Ferlossertsjerke fan it ôfbyld fan Edessa ("net fan minskehannen makke"). Fuort nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke sletten, mar fan 2001 ôf wurde der wer tsjinsten fierd en de tsjerke waard yn 2005 werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Neffens de oerlevering soe der in geheime gong wêze fan de tsjerke nei it kremlyn fan Kazan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Dmitri Hvorostovsky
|