Tsjerke fan Betfage
De Tsjerke fan Betfage (wat "hûs fan de iere figen" betsjut) is in fransiskaanske tsjerke op de Oliveberch yn Jeruzalim. Yn de tsjerke is in stien te sjen, dy't neffens de tradysje brûkt waard troch Jezus om oan it begjin fan syn tocht nei Jeruzalim op de ezel te klimmen.
Tsjerke fan Betfage | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Jeruzalim | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1883 | |
arsjitekt | Antonio Barluzzi |
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke, boud yn 1883, rêst op de fûneminten fan in 12e-iuwske krúsfarderskapel, dy't yn it âlde doarp Betfage stie. Tsjintwurdich leit de lokaasje yn Jeruzalim, mar twatûzen jier tebek wie it in apart doarp tusken Betanië en Jeruzalim. De krúsfarderskapel stie wer op de resten fan de 4e-iuwsk byzantynsk hillichdom, dat de moeting tusken Marta en Jezus betocht nei't Lazarus ferstoarn wie.
Yn 1867 waard by de bou fan in fransiskaansk kleaster op de lokaasje, in mei stúkwurk oerdekte kubusfoarmige stien fûn. Dy stien wie in yntegraal ûnderdiel fan de 12e iuwske krúsfarderskapel en leit no by de noardlike muorre fan de tsjerke. De krúsfarders dekorearren de stien en skreaune der yn it Latyn bibelske ferhalen op, dy't plakfûnen yn de kontreien fan Betfage en Jeruzalim. De fersierings waarden yn 1950 restaurearre en fiif jier letter waarden de muorren en it plafond fan de tsjerke mei fresko's beskildere.
Krekt as yn de 12e iuw hâlde pylgers alle jierren op Palmpeaske in prosesje, dy't by de tsjerke fan Betfage útein set.
Untwerp
bewurkje seksjeResten fan de krúsfarderskapel binne te sjen by de flier fan de apsis. Yn de koepel boppe it alter is in fresko fan Jezus op in ezel mei syn dissipels te sjen. It plafond fan de tsjerke is fersierd mei tekenings fan blommen en bledwurk. De muorren binne yn brune kleuren útfierd en stelle minsken út it Nije Testamint foar, dy't harren tariede op de prossesje. Oan de iene kant fan de muorre is in groep rabinen skildere mei in boekrolle, dêr't it twadde diel fan Jehannes 12:19 op stiet. Yn it Latynsk om de ramen hinne binne de wurden skreaun, dy't de minsken oer Jezus seine doe't Er de yntocht nei Jeruzalim makke.
De Stêle fan Betfage, sa't de yn 1867 ûntdutsen stien ek neamd wurdt, leit binnen in smei-izeren hekwurk. In spegel efter de stien makket it de besikers mooglik om de stien ek fan de oare kanten te besjen. Op de stien steane de foarstellings fan Jezus en Marta, twa dissipels dy't Jezus in ezel en in fâle bringe, Lazarus dy't út de dea opstiet en op de side oan de kant fan it alter in groep minsken dy't palmtûken fêsthâlde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelktalige Wikipedysiden; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of Bethphage
|