Tsjerke fan Dolsterhuzen
De Tsjerke fan Dolsterhuzen is ien fan de twa tsjerken fan de protestanske gemeente Sint-Jehannesgea-Dolsterhuzen. It gebou is in gemeentlik monumint.
Tsjerke fan Dolsterhuzen | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Dolsterhuzen | |
adres | Marwei 86 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1908 | |
arsjitekt | J. Schreur | |
offisjele webside | ||
Side gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik stie de tsjerke fan Dolsterhuzen op it hôf oan de râne fan de Tsjûkemar. In ôfbyld yn de Schoemaker Atlas fan 1710-1735 toant in ienfâldich romaansk sealtsjerkje mei in houten klokkestoel, dêr't twa klokken yn hongen.
De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1908 neffens in ûntwerp fan J. Schreur foar de herfoarme gemeente boud. It ynterieur fan de tsjerke waard yn de jierren 1960 modernisearre en yn deselde tiid waard der, nei skea troch in gaslek, in nije konsistoarje achter de tsjerke boud. In diel fan de feroarings oan it ynterieur binne yn de jierren 1980 werom draaid.
Yn 2008 fierde de gemeente it iuwfeest fan harren tsjerke.[1]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel boppe de preekstoel waard nei de foltôging fan de tsjerke troch Bakker & Timmenga boud. By de lêste restauraasje yn 1994 troch itselde oargelbedriuw waard it ynstrumint noch útwreide mei in trompetregister.[2]
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|