Tsjerke fan Friens
De Tsjerke fan Friens is de 13-iuwske tsjerke fan Friens yn de gemeente Ljouwert. De herfoarme tsjerke is oanslettten by de PKN en foarmet ien gemeente mei de herfoarme tsjerken fan Idaerd en Reduzum.
Tsjerke fan Friens | ||
De tsjerke yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Friens | |
koördinaten | 53° 05' N 5° 47' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Nederlânsk-herfoarme) | |
patroanhillige | ûnbekend | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1795 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22881 [1] | |
Webside | ||
Side Tsjerkje fan Friens | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeBy opgravingen binne fûneminten fûn fan in dowestienen tsjerke, dy't dêr yn de 13e iuw stie. Oant de reformaasje yn 1580 hie Friens in eigen pastoar, dy't neist syn tsjerklike plichten libbe fan it tsjerkelân. Dat lân bewurke hy sels. Doe't de katolike tsjinsten ferbean waarden, waard it alter yn de tsjerke ôfbrutsen. Om't it lytse tal ynwenners fan de doarpen gjin eigen dûmny betelje koene waard der in gearwurkingsferbân mei Idaerd oprjochte.
Yn 1704 waard de toer fan de tsjerke ôfbrutsen. De frijkommen stiennen brochten in bedrach fan ƒ 139,00 op. It oerwurk út de toer waard opburgen en de klok stie op it tsjerkhôf. Sûnt 1720 hong de klok neffens it foarbyld fan de tsjerke yn Sibrandabuorren yn in houten tuorke.
Hjoeddeiske tsjerke
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske tsjerkegebou fan Friens waard boud yn 1795, it jier dat de Frânske tiid begûn. Dat ferklearret de bysûndere omstannichheid dat de famyljewapens net út de grêfstienen, dy't no noch yn de tsjerke lizze, kapt binne. It tsjerkegebou wie op it stuit fan de bou net te sjen en ek net te berikken, sadat dêr neat fernield waard.
Yn 1886 waard de tsjerke neffens de easken fan dy tiid ferboud. Alle grutte grêfstienen waarden oerein set en de banken waarden ôfbrutsen en as brânhout ferkocht. In nij ynterieur waard makke en de kânsel yn de foarm fan in kûp krige in katederfoarm. De kânsel is by de tsjerkerestauraasje fan 1989 stean bleaun.
De westgevel en de toer binne fan 1906 en ûntwurpen troch de arsjitekt Hendrik Kramer.
Nei de Twadde Wrâldoarloch rekke de tsjerke wer yn ferfal. By de restauraasje yn 1989 is de tsjerke wer ynrjochte sa't dy yn 1887 wie.[2]
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke is bekend fanwegen it grutte tal roubuorden fan de famylje Sytzama. Yn de tsjerke hingje trettjin roubuorden út it tiidrek 1637-1843. De seis grutte sarken fan deselde famylje (1607-1759) dy't earder tsjin de muorre fan it koer stiene, lizze hjoeddedei wer yn 'e flier.
De klok fan de tsjerke waard yn de 13e iuw getten. De toer hat in mechanysk oerwurk. It ynstrumint hat fiif registers op ien manuaal.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Rouboerd (detail)
-
Rouboerd fan de famylje Van Sytzama
-
Rouboerd fan de famylje Van Sytzama
-
de famylje Van Sytzama hat in grutte rol spile
-
Op it tsjerkhôf hawwe de van Sytzama’s har' eigen famyljegrêven
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|