Redbadtsjerke (Jorwert)

(Trochferwiisd fan Tsjerke fan Jorwert)

De Redbadtsjerke is in tsjerke yn Jorwert. De tsjerke is ferneamd nei Sint-Redbad, dy't tusken 899 en 917 biskop fan Utert wie. Eigner is sûnt 1994 de Stifting Alde Fryske Tsjerken, mar de tsjerke is in kristlik sintrum bleaun. De Stifting Nijkleaster makket alle wiken gebrûk fan de tsjerke. Ek de PKN-gemeente Westerwert/Mantgum hâldt regelmjittich in tsjinst yn de tsjerke. Oant 2012 makke de âld-katolike Martinusparochy ek gebrûk fan de tsjerke.

Jehannestsjerke
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Jorwert
adres Sluytermanwei 4
koördinaten 53° 08'N 5° 42'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Redbad
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl romaansk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8494 [1]
Webside
PKN-gemeente Westerwert
Kaart
Redbadtsjerke (Fryslân)
Redbadtsjerke

De romaanske dowestiennen tsjerke mei sealtektoer út de 12e iuw ûndergie dêrnei romanogoatyske feroarings.

Tsjerketoerramp

bewurkje seksje
 
De tsjerketoer nei't er ynstoart wie

Op sneon 25 augustus 1951, om sân minuten oer fiven, stoarte de toer fan Jorwert mei donderjend geraas yn elkoar. Samar, út himsels, nei njoggenhûndert jier snie, sinne, rein en wyn, gewoan út klearebare toerwurgens. Dat wie in foarteken, of in kearpunt, of gewoan min ûnderhâld - it is mar hoe'st it sjen wolste.

Paassaazje út it boek Hoe God verdween uit Jorwerd fan Geert Mak.

Yn 1954 waard de tsjerketoer op 'e nij boud. Yn 2006, mear as fyftich jier letter, waard de toer wer restaurearre.

Oan de súdgevel hinget in sinnewizer.

De preekstoel is 17e-iuwsk, lykas ek de lange dûbele hearebank dy't foar de preekstoel oer stiet. Oer de flier lizze in tal sarken. Nijsgjirrich is de sark fan Wattie fan Hania yn de foartsjerke, dy't yn 'e nacht fan 2 op 3 desimber troch in feint yn syn sliepkeamer yn Grut Hesens fermoarde waard. Ek syn frou Yda en harren soan binne ûnder dy sark begroeven. De sark fan pastoar Hottie Fonds (ferstoarn yn 1556) leit foar de hearebank en is fersierd mei in tsjelk. Yn it koer is in tige âld deksel fan in sarkofaach ynmitsele. Ek yn it koer is de sark fan ritmaster Jehannes Nauta fan Hesens út 1668, dêr't twa ridders yn fol ornaat yn heechreliëf op ûtbylde wurde.[2] Yn it koer stiet in rekonstruearre alter mei de oarspronklike alterstien.

Yn de toer hingje klokken út 1394 en 1749.

 
Oargel

It monumintale oargel fan de Redbadtsjerke waard yn 1799 troch Albertus fan Gruisen boud en is it wat piipwurk oanbelanget noch hielendal orizjineel. It oargel is foar it lêst restaurearre yn 2017. Ek it oargelfront is doe neisjoen, ûntbrekkende dielen waarden wer oanfolle en it skilderwurk bywurke.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: