Santa Maria della Vittoria

De Basilica di Santa Maria della Vittoria (Us-Leaffrouwe fan 'e Oerwinning) is in tsjerkegebou yn 'e Italjaanske haadstêd Rome. De tsjerke stiet oan 'e Via del XX Septembre yn 'e wyk Della Vittoria.

Us-Leaffrouwe fan de Fiktoarje
Santa Maria della Vittoria
Lokaasje
lân Itaalje
plak Rome
adres Via XX Settembre, 17
koördinaten 41° 54'N 12° 39'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Carlo Maderno, Giovanni Battista Soria
boujier 1605-1620
boustyl barok
Kaart
Santa Maria della Vittoria (Rome)
Santa Maria della Vittoria
 
Ynterieur.

Oarspronklik waard de yn 'e jierren 1605-1620 boude tsjerke oan 'e apostel Paulus wijd, mar nei de katolike oerwinning yn 'e Slach op de Wite Berch tsjin it protestantske Boheemske leger, waard de tsjerke wijd oan 'e Hillige Jongfaam.

Neffens de oerlevering naam de karmelyt Dominicus a Jesu Maria in ôfbyld fan 'e Hillige Famylje út de Slotkapel fan Strakonice mei nei de striid. De protestanten stieken lykwols de ôfbylde persoanen (útsein it bern Jezus) de eagen út, en dat makke de katoliken sa poer dat se ûnder it razen fan "Santa Maria" de heuvel fan it Boheemske leger bestoarmen en folslein ûnder de foet rûnen. Op 8 maaie 1622 waard it ôfbyld, dat bydroech oan 'e oerwinning op 'e Wite Berch, yn 'e nije tsjerke droegen en nei it alter brocht.

Yn 'e tsjerke hingje Turkske oarlochsflaggen, dy't yn 1683 by it belis fan Wenen ynnommen waarden en fierder bydroegen oan 'e idee dat Marije oan 'e kant fan 'e katoliken stiet en har de oerwinning jout.

De tsjerke is it iennige bouwurk dat de ierbarokke arsjitekt Carlo Maderno ûntwurp en foltôge. De gevel waard lykwols troch Giovanni Battista Soria foarm jûn.

By in brân yn 1833 gyng in diel fan it ynterieur fan 'e apsis ferlern. Dêrûnder ek it oarspronklike genedebyld fan de tsjerke.

 
Plafondfresko.

It ienskippige gebou hat in leech ferwulft mei acht sydkapellen. De fersierings binne typysk foar de barokke styl: in soad stúkwurk en kleurd moarmer. It plafondfresko yn 'e apsis toant de yntocht fan it mirakuleuze ôfbyld yn Praach en is makke troch Luiga Serra. It fresko fan it plafond yn 'e tsjerke byldet de triomf fan Us-Leaffrouwe oer de ketterij út en is makke troch de bruorren Giuseppe en Andrea Orzi. Yn 'e kapellen binne in grut tal keunstwurken ûnderbrocht, lykas trije skilderijen fan Domenichino, de lêste keunstwurken dy't er yn Rome makke.

 
Bernini's Ekstaze fan 'e hillige Teresa.

De meast ferneamde keunstwurken binne lykwols yn 'e twa lêste kapellen foar it koer te finen. Yn 'e Sint-Joazefkapel (Cappella San Giuseppe) stiet in byld fan Domenico Guidi dat de dream fan Joazef foarstelt. Under it alter lizze de reliken fan 'e Romeinske martleres Fiktoaria. De tsjerke is lykwols it meast ferneamd fanwegen de "Ekstaze fan 'e hillige Teresa" yn 'e Cornaro-kapel, dat yn 1646 makke waard troch Gian Lorenzo Bernini en as ien fan syn moaiste wurken beskôge wurdt. De kapel waard troch de Feneesjaanske kardinaal Federico Cornaro skonken. Opmerklik yn 'e kapel binne de teätereftige lôges oan wjerskanten fan it alter, dêr't bylden fan famyljeleden fan 'e kardinaal it spektakel observearje.

De ramen fan 'e tsjerke datearje út de jierren 1955-1956.

Yn 'e sakristy binne ferskillende skilderijen te sjen. Dêrûnder in skilderij fan 'e Slach op de Wite Berch en oare wurken dy't de kriich fan 'e kristlike legers tsjin de Osmanen (Lepanto, 1571; Petrovaradin, 1716) betinke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: